Frysk Museum bringt sitsútstalling nei Londen

novimber 30, 2019 08:51

De útstalling Sits, katoen yn bloei fan it Frysk Museum is takom jier hjerst te sjen yn Londen. Fan 23 oktober 2020 oant en mei 24 jannewaris 2021 toant it Fashion and Textile Museum Chintz: Cotton in Bloom.

Foto: Ruben van Vliet

Sintraal stiet it hânbeskildere katoen mei blommen út Yndia, dat fan de 17e iuw ôf de wrâld ferovere. Foaral yn Fryslân waard sits koestere, wat de kolleksje fan it Frysk Museum unyk makket yn omfang en kwaliteit. Mei sa’n 150 stikken, fan rokken oant simmerhuodden en fan gerdinen oant bernewantsjes, meitsje de Britten yn 2020 in reis by Yndia, Hylpen en Japan del. De útstalling wie fan 11 maart oant en mei 10 septimber 2017 yn Ljouwert te sjen. Dêr koe de eksposysje op 40.000 besikers rekkenje.

Topstikken
Ien fan de topstikken fan de útstalling is in 18e-iuwske keamerjas út de kolleksje fan it Frysk Museum. De stof en it kleanstik binne Yndiaask, it model is Japansk en de drager wie in rike Nederlanner. It stik lit as gjin oar sjen dat yn de op it each ienfâldige stof ferskate kultueren byinoar komme. De ‘kimono’ is trijehûndert jier lyn beskildere, mar sjocht der as nij út. In oar topstik is in wandkleed út de 17e iuw – de âldste sits yn Nederlân – mei liuwen, mytyske fûgels en in râne mei amoereuze tafrielen.

Sits, katoen yn bloei waard mei mooglik makke troch it Prins Bernhard Kultuerfûns.

novimber 30, 2019 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.