Frysk Biografy Ynstitút

novimber 5, 2019 08:34

In inisjatyfgroep is úteinset om in Frysk Biografy Ynstitút yn it libben te roppen. It doel fan it inisjatyf is om Fryske organisaasjes, ynearsten ûnder auspysjes fan it Biografy Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins, ta in gearwurkingsferbân te smeien, dat liede moat ta in eigenstannich Frysk Biografy Ynstitút.

Foto: pixabay.com

De inisjatyfnimmers Bert Looper (Tresoar), Hans Renders (Biografy Ynstitút RUG), Steven Sterk (Bornmeer | Noordboek) en Geart de Vries (Histoarysk Sintrum Ljouwert) hoopje mei it inisjatyf oare kulturele organisaasjes yn Fryslân te mobilisearjen om in breed droegen ynstitút te bringen dat foarsjocht yn finansiering en begelieding fan biografyen fan Friezen.

De inisjatyfnimmers stelle in list gear fan Friezen dêr’t in biografy oer fersine moatte soe. Earder dit jier sette de gearwurking fan Bornmeer | Noordboek en it Biografy Ynstitút fan de RUG útein mei in boekerige, ûnder de namme Over Leven, dêr’t sawol nije biografyen as werútjeften fan earder ferskynde biografyen yn ferskine sille. De earste trije dielen lizze no yn de boekhanndel: de bewurke biografy fan Sicco Mansholt, skreaun troch Johan van Merriënboer, Ferdinand Domela Nieuwenhuis troch Jan Willem Stutje en Abe – de biografie fan Johann Mast oer Abe Lenstra.

De inisjatyfgroep wol ynventarisearje wa’t mei in biografy dwaande is yn Fryslân. Auteurs kinne eventueel begelieding krije fan it Biografy Ynstitút fan de RUG en fan útjouwerij Bormeer | Noordboek. Fansels binne ideeën ek wolkom. Skriuwers en ideeëmakkers kinne har melde by Bornmeer | Noordboek: info@noordboek.nl.

novimber 5, 2019 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.