Friezen helje Puigdemont nei Ljouwert ta

novimber 30, 2019 19:05

Carles Puigdemont mei syn gast Sybren Posthumus (foto: Sybren Posthumus)

Hoe’t it Katalaanske krewearjen nei ûnôfhinklikens in foarbyld wêze kin foar de Friezen. Dêr sil de Katalaanske presidint yn ballingskip Carles Puigdemont op 2 desimber yn Ljouwert oer prate. Puigdemont is dan te gast yn it telefyzjeprogramma Iepen Up fan Omrop Fryslân.

Puigdemont komt op útnûging fan FNP’er Sybren Posthumus, Omrop Fryslân-presintator Henk te Biesebeek en minderheidstaleûndersikerske Eva Daussà. Hja binne dit sneinoer yn Waterloo by Puigdemont op besite. Dat Belgyske plak wennet er op it stuit.

Oft Puigdemont wier nei Fryslân ta komme kin, is noch net folslein wis, mei’t de Belgyske rjochter op 16 desimber oardielje sil oer it útleveringsfersyk fan Spanje. De Spaanske justysje wol Puigdemont nammentlik ferfolgje foar it organisearjen fan in referindum oer ûnôfhinklikens yn 2017.

Tsjin sjoernalisten fan de NOS sei Te Biesebeek dat de besite oan Puigdemont in grutte yndruk op him makke hat. Neffens him hat de Spaanske oerheid alle huzen om Puigdemont sines hinne opkocht, mei it doel om de Katalaanske lieder te bespionearjen en ôf te harkjen.

Puigdemont hat as sjoernalist yn 1983 in kear yn Fryslân west. Begjin dit jier wie er op útnûging fan Evan Daussà op ‘e universiteit yn Grins.

novimber 30, 2019 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.