Frâns Kuipers: Untbrekt it oan fyzje?

novimber 2, 2019 20:00

Kollum

As wy hjoed om ús hinne sjogge, dan liket de wrâld yn ’e brân te stean. Hjir en dêr sels letterlik. Folken geane massaal de strjitte op. It broeit yn in soad lannen. Boeren yn it Amazônegebiet stutsen 43.000 boskbrannen oan. Hja hawwe boulân nedich foar it ferbouwen fan soaja, dat foar it grutste part ferkocht wurdt as feefoer. Nederlân keapet it op grutte skaal yn. Beammen leverje mar ien kear yn de tweintich jier jild op en soaja bringt alle jierren jild yn it laatsje. Dat de loft fersmoarget troch de brânen en de CO2 útstjit bot tanimt, dat is dan mar sa. Postsegel Nederlân giet fan it gas ôf, Dútslân giet deroan, Poalen bout ekstra brúnkoalsintrales, hoe bestiet it. (Trump, Johnson, Erdogan, Poetin, Assid en oare wrâldferneamde folkslieders lit ik bûten beskôging. Dêr moat Rutte mar wat oer sizze).

Panyk?
Sa giene boeren mei grutte trekkers nei De Haach, nei Ljouwert en nei Den Bosch. Sy wolle net (allinne) opdraaie foar de gefolgen fan de stikstof. Hoe sit it mei stikstof út fleantugen, auto’s, ensa? Ministers stiene op it poadium te stammerjen. Foaroanman Bleker stie ek te bolderjen. Hy ferblikte net, wylst er as eardere steatssekretaris mei ferantwurdlik wie foar it stikstofbelied. Wege- en wenningbouwers giene ek manmachtich mei shovels en djipladers nei it Haachske om politisy witte te litten dat it sa net kin. Grutte bouwurken steane stil. Der is ferlet fan hûnderttûzenen wenningen, want de wenningneed is grut. Earder minister Maxime Verhagen, no foaroanman fan Bouwend Nederland, boldere ek en ferblikte krektlyk as Bleker ek net. Gefolch? Politike panyk? Rutte-III komt ynienen mei in 500.000 euro op ’e proppen om de stikstof te ferleegjen. Mei dat jild kinne boeren útkocht wurde en giet op provinsjale wegen de snelheid nei ûnderen. Sa kinne bouwers trochbouwe. Op 6 novimber soe it basisûnderwiis foar de safolste kear stake, want driigjen helpt. Op foarhân hat it kabinet 460 miljoen euro beskikber steld. De staking is fan ’e baan, mar de leararetekoarten net. Ik tink dat de oanset, om as protestgroepen nei De Haach te gean, jûn is troch de Fryske taalklup Sis Tsiis. Dy gie 6 juny 2019 mei in plysjejaske as wapen op ’en paad. “Mear Frysk op skoallen, oars waait der wat!”

Missers
Wat is der eins mis mei ús hjoeddeiske regear en wat giet der soms mis by legere bestjoerslagen lykas provinsjes en gemeenten? Hast alle dagen is dêr nijs oer. Hoe kin dat? In kearnfraach by it ûntstean fan misbelied is wat politisy driuwt of yn it ferline dreaun hat om fan polityk harren wurk te meitsjen. Elkenien begjint as amateur, as frijwilliger. Is in float praatsje mear as genôch? Men soe it soms tinke. Tige nijsgjirrich is oft politisy wol of just net foldwaande sosjaal-ekonomysk en sosjaal-maatskiplik ynsjoch hawwe om stjoering jaan te kinnen. Lynje se faaks net wat al te folle op kennis en kunde fan amtners en advysbedriuwen? Men soe it tinke, want it wrimelet fan adviseurs. Soms liket it der ek op dat eigen belang meispilet. In goed betelle baan as wethâlder, deputearre, steatssekretaris of minister? Stiet goed op in CV. Jout ekstra kânsen foar boargemaster as politike ôfslúting.

Fyzje nedich
Yn Nederlân kin elkenien politikus wurde. Sa wurkje demokratysk bestjoerde lannen. Elk folk kriget it regear dat it fertsjinnet. It folk kiest. It folk is baas! It folk beslist. Dat komt alle kearen by ferkiezingen wer nei boppen. Om de fjouwer jier stowe politike kandidaten troch winkelstrjitten en organisearje se gearkomsten fol beloften. It folk – aloan wat minder fanatyk – docht dêr elke kear mar wer oan mei. Us Sybrand, ús Joop, ús Jesse, ús Harry, ús Sander, ús Sietske, ús Johannes, ús Mark, ús Geert, ús Thierry? Sy moatte it wurde blinder. Dus is it eins ek ús eigen skuld as it yn de polityk mis giet, want wy kieze ús fertsjintwurdigers en wy hawwe der fertrouwen yn dat se foldwaande kwaliteit ha. Dochs?

Us folksfertsjintwurdigers en de Kening yn de Ridderseal

Foarút skowe
Wat dogge politisy as se it net mear witte? Op de lange baan skowe! Yn de tuskentiid wurde der nije net nei te kommen regeltsjes betocht. Dat hat de skyn fan behearsking, fan stjoering. “Wij zitten er boven op!” De útkomst is dat de measte problemen grutter wurde, want in langetermynfyzje ûntbrekt. It ferline – en dat jildt foar elkenien – is bepalend foar de takomst. Soks moatte jo as politikus wol sa (yn)sjen kinne. Dit is makliker sein as dien.

novimber 2, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.