Frâns Kuipers: Genôch is genôch

novimber 30, 2019 20:00

Kollum

Beliedsmakkers wurkje meastal efter tekentafels of bestjoerstafels. Se sjogge of fernimme faak folle letter as de minsken fan de praktyk dat it misgiet of op termyn misgean sil. Wiisheid leit faak op strjitte. Yn it each springende problemen ek, as jo de nijsrubriken folgje of lêze oer diskriminaasje, kriminaliteit, dakleazen, alkoholisten, ferslaafden… Wiisheid is faak ek te finen yn ynstjoerde stikken, opiny’s ensafierder. Kranten binnen der wiis mei. Lêzers kinne dan kennis nimme fan mieningen en stânpunten fan fertsjintwurdigers fan ‘it gewoane’ folk, mar ek fan sjoernalisten, wittenskippers, filosofen, psychiaters, boekeskriuwers, ensafierder. It soe goed wêze as politisy (fan heech oant leech) dy rubriken goed liezen en net fuortsetten as geëamel. (https://www.itnijs.frl/2018/04/frans-kuipers-efteroan-begjinne-te-lezen/)

Sterke punten
Sterkste punten fan politisy – en dat mei ek wolris sein wurde – binne dat se fuortendaliks yn aksje komme as it hûs yn `e brân stiet. Te let yngripe sjogge politisy as harren deistich wurk. Se steane mei harren ‘brantsjedwêstplannen’ withoefaak efter it kateder yn de Keamer, mar ek yn ’e krante of op glimmerfoto’s op Facebook, Twitter en Instagram. Konkreet wat dwaan tsjin personielstekoarten yn de jongereinsoarch, it ûnderwiis, de sûnenssoarch, ferpleechsoarch, de plysje en neam it mar op. “It sil en moat better regele wurde”, mear komt der net út. It docht bliken dat aksjefieren troch de sêfte sektoaren, net safolle opsmyt. Dat yn Amsterdam skoallen in wike ticht geane is in nij besykjen om de polityk wekker te skodzjen. Minister Slob hâldt hoek.

Aksjes
Aksjes troch Keamerleden? Foar de buhne. It soe al in hiele stap wêze as de polityk tajaan soe dat der yn it ferline besunigingsflaters makke binne. Tajaan dat de soarchtransysje yn 2015 fan it Ryk nei gemeenten om ekstra te besunigjen op de soarch te rêden wie. Soks tajaan? No way! It gie(t) om it fersterkjen fan de ‘partisipaasjemienskip’, sei Kening Willem-Alexander yn syn troanrede.

Foarút
Yn trochsneed is fjouwer jier foarút sjen it sterkste punt fan de polityk, útsein it klimaat, soene jo tinke kinne. Sa komt it oer. Nederlân is yn 2030 fan it gas of. Oeral komme wynmûne- en sinnepanielparken. Frans Timmermans, twadde man fan Europa, sil de ‘Griene Aginda’ fan Europa útfiere. Mar de ‘Club van Rome’ (allegearre wize wittenskippers) warskôge yn 1972 al foar útputting fan de ierde, as gefolch fan ekonomyske groei. Doe al, ja! https://histobron.nl/grenzen-aan-de-groei-rapport-club-van-rome-1972

Elco Brinkman, âld-CDA-Earste Keamerlid

Protesten
“De measte (politike) feroaringen binne troch de iuwen hinne begûn mei protestaksjes fan it folk op strjitte”, sei Elco Brinkman by syn ôfskied fan de Earste Keamer. Sjoch bygelyks de (positive) effekten fan de giele heskes yn Frankryk. Sjoch yn binnen- en bûtenlân jongerein yn aksje foar it miljeu (Switserse Gretha Grúnberg), de freedsume folksmassa yn Sina tsjin machthawwers Hongkong en sykje alle protestnijs yn `e wrâld mar op.

By ús yn Nederlân, mar no ek yn Dútslân, komme boeren en bouwers mei grut geweld (trekkers, djipladers, shovels) yn aksje. Guon politisy reagearje fuortendaliks mei: “Jullie zijn helden.” CDA en VVD binne yntern ferdield oer de te hege stikstofútstjit en de te hege PFAS-noarmen yn ’e grûn. Boeren pikke dat net. Der wie efkes in driging fan in nije boerepartij troch Annie Schrijer-Pierik. CDA Earste Keamerlid Joop Atsma gie oan har kant stean. De kwestje is yntern oplost. Klear! Boeren binne noch lang net tefreden; de trekkers steane, as it moat, paraat om yn aksje te kommen.

Ofgrûn?
“Alles is ekonomy, stomkop!” (Bill Clinton). Ekonomyske groei is de paadwizer fan dizze tiid. Dat earme lannen dêr de dupe fan binne, dat is dan mar sa? Sina komt ekonomysk opsetten. De ekonomytrein dinderet troch, mei (rjochtstinkende) politisy oan it stjoer. Alles moat wike foar in groeiende ekonomy. Hjoed giet it goed, mar it kin moarn noch folle better. In bern kin sjen dat ekonomyske groei te’n koste fan alles it minskdom nei de râne fan de ôfgrûn bringt. Jongelju komme oer de hiele wrâld yn aksje. It giet om harren takomst. Oer de râne falle is in kwestje fan tiid, mar is de apokalyps it úteinlike einstasjon fan it minskdom? Ik tink it, mar ik hoopje fan net.

Bob Goudzwaard, lid ARP, CDA en EVP

Genôch is genôch
Der is moed foar nedich om stappen tebek te setten. CDA-politikus Bob Goudzwaard wie foarstanner fan in ‘ekonomy fan it genôch’. Genôch is genôch. Hy skreau doedestiids it CDA- ferkiezingsprogramma ‘Niet bij brood alleen’.
Bob is Goud Waard”, sei Joop den Uyl, mar binnen it CDA krige er gjin poat oan ’e grûn. Hy hat it CDA de rêch takeard. Hy koe net oars.

Hjoed-de-dei steane de measte politsy noch yn de modus fan ekonomyske groei. Mear en flugger. Sawol yn de VVD as it CDA, mar ek yn de CU en D66 binne der gjin politisy te finen dy’t it oandoare om ta te wurkjen nei in ekonomy fan “wy kinne wol mei minder ta!” No ja, fan 130 nei 100 km/o, as it net oars kin.

It CDA hat goud yn hannen as dy partij it oandoare soe om ta te wurkjen nei ‘Genôch is Genôch’. De aloan bewustere jongerein stiet derom te springen, dochs?

 

novimber 30, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tsjerk Riedstra desimber 2, 07:05

    ‘Op strjitte’ is letterlik oerset Hollânsk [‘op straat’]; it is
    […] op ’e strjiitte; op ‘e dyk [mei in ‘e].

    Ferl. de wurdboeken:
    lju/guod fan ’e strjitte lju/guod fan minne reputaasje, kwaliteit
    op ’e strjitte bûten, yn ’e iepen loft
    – Straat.
    taaleigen:
    Wat in drokte op ’e strjitte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.