Fraachpetear mei Trijntje Oosterhuis

novimber 16, 2019 10:21

Yn Iedereen Verlicht reizget presintator Narsingh Balwantsingh yn syn tuktuk troch Nederlân en moetet er minsken dy’t op ien of oare wize op syk binne nei persoanlike ferlichting en mear libbensgelok. Yn syn lêste ôflevering praat Narsingh mei Trijntje Oosterhuis, oprjochter fan ‘Soulful Mind Sessions’, en mei Jacqueline Beemsterboer dy’t de moardner fan har suster ferjaan koe.

Foto’s: NTR

Trijntje Oosterhuis is ien fan de bekendste sjongeressen fan Nederlân. Tegearre mei Anouk Taytelbaum, in psycholooch mei in grutte praktyk yn Amsterdam, hat se Soulful Mind Sessions oprjochte. Dat is in platfoarm foar ynspirirearjende wurksjops om troch middel fan sjongen ‘yn jins krêft, jins wierheid’ te kommen.

Jacqueline Beemsterboer is 24 jier as har iennige suster Nadine fermoarde wurdt troch har eksfreon. Holpen troch har spirituele paad fan selsbewustwurding hat se him, trettjin jier letter, ferjaan kinnen en wol se graach mei him yn petear yn it forinsysk psychiatrysk sintrum De Oostvaardersklinyk yn Almeare. Narsingh folget Nadine by dat bysûndere momint.

Dit is de lêste ôflevering fan it seisoen. Ein febrewaris is Iedereen Verlicht werom op telefyzje. Fia ynternet giet it programma troch op Facebook en fan snein ôf ek op YouTube.

Utstjoering: snein 17 novimber om 16.25 oere by de NTR op NPO 2

novimber 16, 2019 10:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.