Foar in blomriker boerelân

novimber 14, 2019 09:48

Yn maaie fan dit jier is op inisjatyf fan idealistyske natuerleafhawwers út Fryslân de stichting Bloeiend Boerenland oprjochte. De stichting stribbet nei in sa grut mooglik bioferskaat yn ús lân. Boeren en boargers wurkje gear om foar te kommen dat guon ynsekte- en fûgelsoarten útstjerre.

Dielnimmende boeren krije nei ûndersyk fan de boaiemstruktuer fan harren lân advys oer hoe’t se harren lân troch bedongjen en beplantsjen sa ferbetterje kinne dat se dêr in goed rendemint mei behelje. Mei donaasjes en sponsorjilden wurde de sleatskanten besiedde mei blomsied dat past by de boaiem, it bedriuw en de buert.

De stichting is al aktyf yn Seelân, Gelderlân, Oerisel en Drinte en wurket troch om it hiele lân in blomriker en moaier oansjen te jaan. Dat allegear yn it belang fan it bioferskaat.

Sjoch ek op www.bloeiendboerenland.nl.

novimber 14, 2019 09:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.