Flower Power Merk groeit en bloeit

novimber 25, 2019 10:29

Minsken dy’t har ynformearje en ynspirearje litte wolle oer in duorsume, sûne en kleurrike libbensstyl, kinne op snein 1 desimber terjochte op de Flower Power Merk yn Keunstesintrum Atrium yn Snits. Dêr binne lêzingen en wurkateliers oer earlik (lokaal) iten, ruiljen & dielen, natuerlike sûnens, grien & sels(foarsjennend) oan ’e slach en kreative & kleurrike libbensstyl. De merk is fan 11.00 oant 17.00 oere iepen.

Op de merk kin men sneupe, ynspiraasje opdwaan en guod keapje. Men fynt der ambachtlike en hânmakke produkten, kleurrike ûntwerp- en alternative klean, eigensinnige sieraden, (vintage) wenassessoires, natuerlike fersoargingsprodukten en oar hip en duorsum guod. Men kin in massaazje nimme, ynsjoch krije yn jins bertedatum, duorsume inisjativen besprekke of yn ’e kunde komme mei glêsbeskilderjen en kaartweevjen.

Dêrneist kin mei dielnimme oan ferskate wurkateliers. Sa kinne besikers miljeufreonlike badbrûsballen meitsje, in eigen keathinger borduere, lêzingen bywenje oer tylt en heechgefoeligens, yn ’e kunde komme mei drake-enerzjy (in wize fan trening), of in mandala fan natuerlike materialen meitsje. Dêrneist is der de mooglikheid om siedden, planten, klean of boeken te ruiljen.

It programma fan wurkateliers, lêzingen en aktiviteiten is te besjen op www.flowerpower.frl.

novimber 25, 2019 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.