Films yn alle kleuren fan de reinbôge op Flylân
Resint ferskynd
Tsjin de ein fan de winter en flak foar it begjin fan de maitiid organisearret Poadium Flylân foar de sânde kear in Gay and Lesbian Filmwykein op freed 31 jannewaris o/m snein 2 febrewaris 2020. De taskôgers kinne genietsje fan films yn alle kleuren fan de reinbôge.
Fanwege de grutte belangstelling krije diskear twa groepen de mooglikheid om it wykein te besytsjen. Alle films wurde lykas wenst ynlaat troch teaterdosint, regisseur en resinsint Gooitsen Eenling.
Gay and Lesbian Filmwykein
Freed 31 jannewaris o/m snein 2 febrewaris 2020
Ien eilân, trije dagen, sân films
Sjoch op www.podiumvlieland.nl foar mear ynformaasje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje