Fersyk oerheid: hjoed leaver gjin kachels oan

novimber 30, 2019 15:28

Foto: Unsplash

De oerheid freget ynwenners fan Fryslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân, Flevolân en Noard-Hollân om de kachel hjoed út te litten. It giet dan om wiere kachels, dêr’t yn stookt wurdt. De sintrale ferwaarming en de gaskachel meie útsoarte wol oan.

It fersyk komt fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu. Dat basearret him op ‘e waarsferwachting fan it KNMI. De reek bliuwt nei alle gedachten lang hingjen en foarmet sa in fergiftige en yrritearjende wolk.

Yn reek fan kachels sitte fynstof, koalwetterstoffen, benzeen en koalmonokside. Dat binne fergiftige stoffen. Benammen âlde minsken, bern en minsken dy’t troch sykte swak binne, kinne dêr lêst fan krije of der sels slim siik fan wurde.

novimber 30, 2019 15:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.