Ferslach fan de aktuele situaasje yn Libanon

novimber 9, 2019 09:51

Danny Ghosen komt in healjier nei syn twalûk oer Libanon mei in aktueel en meislepend ferfolch. Yn in ekstra  – ynlaske – ôflevering fan De Slag om Libanon, oankommende moandei op NPO 2, is Danny werom yn syn bertelân dat de ôfrûne wiken folslein platlein is en it toaniel is fan manmachtige protesten tsjin it sittende regear.

Foto’s: NTR

Yn it earder útstjoerde twalûk lit Danny sjen dat de ferskillen tusken de religieuze/politike streamingen it lân finzen hâlde en dat de libbens fan normale minsken stil stean. No liket de flam yn de pannen slein. En hoe. Minsken litte manmachtich harren stim hearre, sûnder dat se har remme lykje te fielen troch harren politike lieders en religieuze streamingen. Soenniten, kristenen, sjiïten, druzen en oare groeppearingen binne feriene efter de Libaneeske flagge en stean skouder oan skouder op de barrikades.

Danny Ghosen sprekt de minsken dy’t midden yn dizze opstân stean en freget him ôf hoe’t it kin dat de ferskillen der no ynienen net ta lykje te dwaan. En hoe reagearret de politike elite no’t harren befoarrjochte posysjes faai stean? Komt der in echte revolúsje? Wat betsjut dat foar it lân en foar de minsken?

Danny sprekt âlde bekenden, lykas prefester Fady út Beirut, taksysjauffeur Abood en politika/sjoernaliste Joumana Haddad. Hy moetet ek nije nijsgjirrige persoanen dy’t de nekke út doarre te stekken, wêrûnder in protte froulju – dy’t in wichtich ûnderdiel foarmje fan de protestbeweging – yn dizze bysûndere en persoanlike Slach om Libanon.

De Slag om Libanon, oankommende moandei 11 novimber om 21.05 oere op NPO 2.

novimber 9, 2019 09:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 novimber 9, 18:57

    In hiel nijsgjirrich lân! Hooplik geane se mei gauwens wer de goede kant út, al sjoch ik dat wol mei in beskieden skepsis temjitte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.