Ferfolchpetear stikstofproblematyk

novimber 21, 2019 15:08

Dizze wike krije de petearen oer de stikstofproblematyk mei de oanbelangjende sektoaren yn Fryslân in ferfolch. Fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer, bou, transport en bedriuwslibben sille yn petear oer oplossingen foar de lange en foar de koarte termyn.

Foto: pixabay.com

“It earste petear mei de oanbelangjende sektoaren ha wy as tige iepen ûnderfûn. Der binne in protte ideeën op tafel kaam, mar der binne ek tûkelteammen beneamd. Wy binne te sprekken oer de konstruktive hâlding fan de partijen. Sy wolle ek mei-inoar yn petear en binne ree om mei-inoar de skouders ûnder de Fryske oanpak te setten,” neffens deputearre Kramer.

Oerienkommende winsken
Ofsûnderlik faninoar lieten de sektoaren witte dat der ferlet is fan feiten en sifers. Yn it ferfolchproses moat neffens harren de fokus op langertermynoplossingen lizze. En dan net allinnich yn it algemien, mar ek rjochte op de gebieten. Noch dizze wike besprekt de provinsje mei harren hoe’t dat foarm jûn wurde kin.

Foar de koarte termyn is it wichtich dat de provinsje in beslút nimt oer de nije beliedsregels. Dêr wol de provinsje de ynbring fan de sektoaren ek yn behelje. It is trouwens noch altyd net út te sluten dat it Ryk ek tuskentiids besluten nimt.

Brede dialooch
De provinsje kundige de brede dialooch oan nei it ynlûken fan de beliedsregels foar Wnb fergunningferliening op it ûnderdiel stikstof. Oanlieding dêrfoar wie de krityk fan de kant fan de lânbou en oaren op de regels sels en it gemis oan belutsenheid by de oanpak fan de stikstofproblematyk. De provinsje luts him dy krityk oan. Der wurdt no gearwurke mei de oanbelangjende sektoaren oangeande de Fryske Oanpak.

novimber 21, 2019 15:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.