Feestlike boekpresintaasje op OBS De Wielen yn Ljouwert

novimber 10, 2019 09:06

Wout Zijlstra, jierren sterkste man fan Nederlân en fier dêrbûten, kampioen Highlandgames en mear, is tiisdei 12 novimber haadgast by de groepen 4 en 5 fan basiskoalle De Wielen yn Camminghabuorren. Jelle Bangma skreau foar de twadde Sweltsjerige it boekje Wouter wol de sterkste wêze en sil it earste eksimplaar oan Wout Zijlstra oanbiede. Jelmer, de pakesizzer fan Jelle, lêst in stikje foar. Wout Zijlstra sil sjen litte dat er noch híél sterk is. De oare skriuwers fertelle wat oer har boek, lêze ek in stikje foar en trije yllustratoaren fertelle oer har manier fan tekenjen.

Ofbylding: Audiofrysk

Nei de earste seis suksesfolle Sweltsjeboeken fan útjouwerij Audiofrysk, út 2017, blykt der wol romte te wêzen foar in twadde rige. Deselde betûfte skriuwers, oanfolle mei Jelle Bangma, ha deroan meiwurke, mei as resultaat sân boeken mei wer in prachtich ferskaat oan humor, oandwaning en spanning.

Bern dy’t troch de Nederlânsktalige lêsmetoaden it technysk lêzen behearskje en ‘lêshonger’ krigen hawwe, kinne mei in stikmannich oanwizings ek frij flot Frysk lêze. Foar dy begjinnende lêzers is de rige skreaun. Boartsjendewei leare se in protte nije Fryske wurden en de talrike yllustraasjes lûke har hieltyd wer it ferhaal yn. Se binne dêrom ek tige geskikt om foar te lêzen.

De yn totaal trjettjin Sweltsjeboeken binne ryk yllustrearre en folslein yn kleur printe. It hurde kaft soarget foar in stevich boekje dat lang lêswille jaan sil. Priis € 9,95.

Mear ynformaasje oer de boeken én foarbyldpagina’s op www.audiofrysk.nl.

De sân nije Sweltsjes:
It reade beurske – Jurjen van der Meer, yll. Maaike van den Akker
Yn de rimboe – Hanneke de Jong, yll. Linda de Haan
De tún fan Trip – Lida Dykstra, yll. Willemke Brouwer
Wa fynt it? – Mindert Wijnstra, yll. Babs Wijnstra
Wêr is Mop?! – Jan Schotanus, yll. Linda de Haan
Wouter wol de sterkste wêze – Jelle Bangma, yll. Monique Beijer
Super! – Anny de Jong, yll. Willemke Brouwer

Audiofrysk is ek útjouwer fan mear as tachtich Fryske harkboeken. De Sweltsjerige wurdt útjûn yn ’e mande mei Cedin en mei stipe fan de provinsje Fryslân en it DAT-fûns.

Tiid: 12 novimber, 11.00-12.00 oere
Plak: OBS De Wielen, Galamastins 2, 8925 GZ Ljouwert, 058 2675300

novimber 10, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.