Fandalen skansearje yn trochsneed 3 auto’s deis yn Fryslân

novimber 1, 2019 09:21

Ofrûne jier waarden yn de provinsje Fryslân 1.120 auto’s mei opsetsin skansearre. Dat komt út op yn trochsneed sechtjin autofandalisme-ynsidinten deis. Yn de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân waard it faakst melding makke. Dat docht bliken út in data-analyze troch Independer, nei oanlieding fan de wintertiid dy’t ôfrûne wykein yngien is. Langere jûnen betsjutte tradisjoneel in taname fan it tal autofandalisme-ynsidinten.

Foto: Independer

Provinsjale ferskillen
Ofrûne jier waarden yn Nederlân yn totaal 32.795 gefallen fan autofandalisme registrearre, docht bliken út CBS-sifers. Independer rekkene troch wat dat relatyf betsjut foar de provinsjes. Dêr docht út bliken dat Noard-Hollân, mei 4,9 ynsidinten op tûzen auto’s, it measte lêst hat fan opsetlike skansearrings oan auto’s. Drinte is relatyf sjoen it feilichst foar autobesitters, mei 2,1 ynsindinten op tûzen auto’s.

Yn Fryslân wiene yn 2018 3,5 ynsidinten op tûzen auto’s. De measte ynsidinten – yn absolute oantallen – wiene yn Ljouwert (260 ynsidinten), Súdwest-Fryslân (220 ynsidinten) en Smellingerlân (125 ynsidinten).

Foto: Independer

Relatyf in protte saken oplost yn Fryslân
Yn mar acht persint fan alle gefallen fan autofandalisme yn Nederlân waarden ferline jier de dieders fûn. De provinsje binne ferskillen te sjen. Sa leit it persintaazje yn de provinsjes Seelân (12,9%), Fryslân (12,9%) en Flevolân (11,2%) relatyf heech. Yn Grinslân waarden de dieders it minst faak opspoard. Dêr waard ôfrûne jier ‘mar’ 6,5% fan de delikten oplost. Waadhoeke hie mei 37,5% (en tachtich ynsidinten) it bêste oplossingspersintaazje fan alle Fryske gemeenten.

Autobesitters dy’t te krijen hawwe mei fandalismeskea oan de auto, krije inkeld fergoeding fan de fersekering as se in allrisk-dekking hawwe. Under beskate betingsten binne ek minsken mei in beheinde kaskodekking (ek wol bekend as de WA+) fersekere fan rút- of brânskea troch fandalisme. Yn guon gefallen is it lykwols geunstiger om skea net te claimen. Mear dêroer is te finen yn it dossier autofersekering: fandalisme, dêr’t ek alle gemeentlike ferskillen ynsichtlik yn makke binne.

novimber 1, 2019 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.