Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (94)

novimber 30, 2019 07:44

God is yn My

Boarne: experimentaltheology.blogspot.com/2014/10/christus-victor-and-progressive.html

“De Heit hâldt fan jim omdat jim fan My hâlde en leauwe dat Ik by Him wei kom. Ik bin fan ’e Heit nei de wrâld kommen. No ferlit Ik de wrâld en gean werom nei de Heit. De minsken sille bliid wêze oer wat My oerkomt, mar jim sille lije en fertriet hawwe. Jim leed sil lykwols omslaan yn blydskip, krekt as by in frou dy’t fan in bern befalle moat. By de berte hat se in protte pine. As it lykwols oer is, tinkt se net mear oan it lijen, sa bliid en optein is se mei har bern. Jimme hawwe no fertriet en jim fertriet sil grutter wêze as Ik fuortgean, mar as Ik weromkom, sil jim blidens alle freugde te boppe gean.”

De learlingen sizze:
“Dat is tenminsten net sa dreech te begripen. No sprekke Jo dúdlike taal. Wy witte no dat Jo alles witte en dat gjinien Jo wat hoecht te freegjen. Dêrom leauwe wy dat Jo fan God komme.”
“Leauwe jim it lang om let? Der komt in tiid dat jim útinoar jage wurde. Dan giet elk syn eigen wei en lit My yn ’e steek. Mar werklik allinnich sil Ik net wêze omdat de Heit by My is. Dat haw Ik jim ferteld omdat Ik wol dat jim myn frede bewarje. Yn ’e wrâld sille jim it swier krije. Mar hâld moed! Ik haw de wrâld mei syn eangsten, begearten en ferslavingen oerwûn.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 30, 2019 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.