Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (93)

novimber 23, 2019 10:09

De haat fan oaren

boarne: http://vo-perikopen.blogspot.com

Ferkearde minsken hâlde allinnich fan jim as jim mei har waansin meidogge en nea genôch hawwe en krekt as harren lea en wrâld fergrieme en fersmoargje en sûnder beheining tajouwe oan nutteleaze behoeften en begearten. Mar no’t jim net mei har meidogge, haatsje se jim. Dat dogge se omdat Ik jim by har wei roppen haw. Sy oanbidde de dingen en it ik dat de dingen wol. Allinnich it eigen ik is hillich by har. It eigen ikje giet har boppe alles, mar dat stoart har yn it ferdjer. Sy wolle God net kenne. Mar Hy sprekt tsjin harren troch de wei fan hert en siel, krêft en ferstân. Hy stjoert meiminsken as boadskippers, as ingels op har ôf. Hy lit har it lijen fan ’e meiminske sjen. At se dy boadskippen net krigen hiene, soene se net skuldich wêze. Mar no hawwe se gjin ekskús.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 23, 2019 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.