Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (92)

novimber 16, 2019 07:46 Fernijd

De wiere wynstôk en de ranken

boarne: http://vasten.dominicanen.nl

Ik bin de wiere wynstôk en myn Heit makket de wyn. De ranken dy’t oan My gjin frucht drage, hellet er fuort. De ranken dy’t al frucht drage, snoeit Er om der noch mear frucht oan komme te litten. Jimme binne suver troch it wurd dat Ik tsjin jim sprutsen haw. Bliuw ticht by My, dan bliuw Ik yn jim. Krekt sa’t in rank allinnich mar frucht drage kin as er mei de wynstôk ferbûn is, sa kinne jim allinnich mar fruchtber libje as jim mei My ferbûn bliuwe troch it bewustwêzen fan Myn oanwêzichheid.

Ik bin de wiere wynstôk en jim binne de ranken. As jim yn My bliuwe, en Ik yn jim, sette jim in protte frucht. Want sûnder My kinne jim neat. Wa’t net yn My bliuwt, wurdt as in nutteleaze rank fuortsmiten en sil fertoarje. Tagelyk mei oare toarre ranken wurdt er yn it fjoer smiten en ferbaarnd. Mar as jim ien mei My bliuwe en myn wurden net ferjitte, sil Ik jim helpe te realisearjen wat jim wolle. Jim sille bysûndere en wûnderlike dingen dwaan. Troch in protte frucht te setten, bewize jim dat jim myn learlingen binne. Dêrtroch wurdt dúdlik hoe ryk oan gloarje as de Heit is.

Sa’t de Heit fan My hâldt, hâld Ik fan jim. Tink derom dat jimme yn myn leafde bliuwe troch myn geboaden te hâlden. Want de Heit hat hieltyd fan My holden omdat Ik My oan syn geboaden holden haw. Libje út syn leafde wei.

Ik haw dat sein mei de bedoeling dat myn bliidskip yn jim wêze sil. Hâld likefolle faninoar as Ik fan jim holden haw. Wa’t syn libben foar syn freonen oer hat, hat de grutste leafde. Jim binne myn freonen as jim dogge wat Ik sis. Ik neam jim gjin tsjinstfeinten mear, want in hear nimt syn tsjinstfeinten net yn fertrouwen. Mar Ik neam jim freonen, omdat Ik jim alles ferteld haw wat Ik fan myn Heit heard haw. Jimme hawwe My net útkeazen, mar Ik haw jim útkeazen. Ik haw jim oanwiisd om deropút te gean en frucht te setten, dat myn Heit jim jaan sil wat jim fan Him freegje út myn namme. Jim taak is om jim foarinoar iepen te stellen en faninoar te hâlden.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

novimber 16, 2019 07:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.