Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (91)

novimber 9, 2019 08:36

Yn it hûs fan myn Heit binne keamers genôch

It timpelterrein (foto http://www.schriftstudies.tk)

“Meitsje jim gjin soargen. Fertrou op God en fertrou ek op My. It hûs fan myn Heit hat keamers genôch om grutte hoemannichten rak en dak te jaan. Ik sil jim dêr in plakje jaan. Set jim yn Gods timpel ta wenjen, want it prysterskip is foar alle leauwigen. Jim sille deselde relaasje mei myn Heit hawwe as Ik no al haw. Jim kenne it paad nei it plak dêr’t Ik no hinnegean.”

“Mar Hear”, seit Tomas, “wy witte net iens wêr’t Jo hinne geane. Hoe soene wy dan it paad derhinne kenne?”
“Ik bin it paad, de wierheid en it libben”, antwurdzje Ik. “Ik bin it iennichst paad nei de Heit. As jim My kenne en My yn hert en holle hawwe, sille jim ek myn Heit kenne. Fan no ôf kenne jim Him, want jim hawwe Him sjoen.”

Mar Filippus seit:
“Hear, lit ús no de Heit sjen, mear freegje wy net.”
“No bin Ik al salang by jim, Filippus, kenst My no noch net? Wa’t My sjoen hat, hat ommers de Heit sjoen? Wat Ik tsjin jim sis, komt net fan My mar fan myn Heit. Hy libbet yn My en docht yn My syn wurk. De dingen dy’t Ik doch, binne dêr it bewiis fan. As jim My wat freegje yn myn namme, sil Ik jim helpe. Wa’t fan My hâldt, sil altyd neffens myn geboaden libje. Ik sil de Heit bidde oft Hy in Helper stjoere wol dy’t altyd by jim bliuwt. Dat is de hillige Geast, dy’t de wrâld net ûntfange kin, omdat de wrâld net wit wa’t Sy is. Jim kenne Har al omdat Sy by jim bliuwt en yn jim wenje sil. Wa’t myn geboaden ken en him deroan hâldt, hâldt fan My. Wa’t fan My hâldt, sil fernimme dat myn Heit ek fan hím hâldt.”

Judas Taddeüs freget:
“Hear, wêrom wolle Jo allinne oan ús sjen litte wa’t Jo binne en net oan de hiele wrâld?”
“As ien fan My hâldt, sil er dwaan wat Ik sein haw. Myn Heit sil fan him hâlde en tegearre sille Wy by him komme te wenjen. Mar wa’t net fan My hâldt, lûkt him neat oan fan myn wurden. Wat Ik tsjin jim sis, komt net fan Mysels mar fan myn Heit dy’t My stjoerd hat.

De Heit sil de Helper stjoere. Dat is de hillige Geast, de Geast fan Wierheid. Dy sil jim yn myn namme alles leare sil en jim hieltyd wer yn it sin bringe wat Ik sein haw.

Myn frede lit Ik jim nei. Dy frede is hiel oars as dy fan ’e wrâld. Wês dus net mear benaud. Jim hawwe My sizzen heard dat Ik fuortgean mar wer werom kom. Ik fertel it jim no al, noch foardat it west hat. As it dan plakfynt, sille jim it leauwe.

Ik haw net folle tiid mear om mei jim te praten, want de baas fan ’e wrâld komt deroan en hy hat neat mei My te krijen. De wrâld moat lykwols witte dat Ik fan ’e Heit hâld en allinnich doch wat Hy My opdraacht. Kom, lit ús de lofsang sjonge. Dêrnei geane wy op paad nei de Oliifberch ta.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 9, 2019 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.