Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (90)

novimber 2, 2019 06:45

Duccio di Buoninsegna (1255 – 1319}, It lêste Jûnsmiel

De foarsizzing fan it lytse ferrie

“Dêr’t Ik hinne gean, kinne jim My net folgje. Letter wol, mar earst sille jim My allegearre yn ’e steek litte, lykas Jesaja skreaun hat:

Ik sil de hoeder slaan en de skiep sille ferstruid wurde.

Mar neidat Ik opwekke bin en opstien  út ’e dea, sil Ik jim foargean nei Galileä.”
En Petrus seit tsjin My:
“Al soe elkenien Jo yn ’e steek litte, ik foarwis net!”
En Ik sis tsjin him:
“Ik sis dy, no, yn dizze nacht, ear’t de hoanne twa kear kraaid hat, silsto My trije kear ferleagenje.”
Petrus seit nochris:
“Al moat ik mei Jo stjerre, ik sil Jo wier net ferleagenje!”
En dat sizze de oaren ek.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
novimber 2, 2019 06:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.