Entomolooch: “Libben op Mars ûntdutsen”

novimber 23, 2019 09:43

Marsrover Curiosity besiket antwurd te jaan op dy iene fraach: wie libben op de reade planeet ea mooglik? Oant hjoed moat de Marsrover ús it antwurd skuldich bliuwe. Mar neffens in Amerikaanske entomolooch is it bewiis foar libben al lang fûn. Op ferskate foto’s fan Marsrovers binne neffens William Romoser de kontoeren fan ynsekten te sjen.

Byld: NASA/JPL-Caltech

Romoser bestudearre in jiermannich foto’s fan de reade planeet. Op dy foto’s seach er ferskate foarbylden fan foarmen dy’t in protte op ynsekten en reptilen lykje. Neffens de ûndersiker hat er sawol fossilen as libbene bisten op de foto’s sjoen. “Ea wie en is noch hieltyd libben op Mars”, seit Romoser. “Der is in dúdlik ferskaat ûnder de ynsektefauna op Mars dy’t in protte skaaimerken fertoane en te ferlykjen binne mei de ynsekten op ierde. Tink bygelyks oan de oanwêzigens fan wjukken en de opbou fan de poatsjes.”

Neffens de ûndersikers fleane der bistkes op de reade planeet om dy’t in protte tinken dogge oan ierdske bijen of holders. Op in stikmannich foto’s lykje dy te skûljen of har te nêsteljen yn grotten. Op in oare foto is neffens Romoser sels in fossyl te sjen dat op in slang liket.

Der is ek in mooglikheid dat de foarmen dy’t Romoser as ynsekten sjocht, gewoan in heapke rotsen binne. Mar wa wit hat Romoser it dochs by de goede ein. Oft dat sa is, sil de nije Mars 2020-rover ûndersykje moatte. De rover sil ôfreizgje nei de Jezero-krater om dêr nei spoaren fan (earder) libben te sykjen.

Boarne: Scientias.nl/University of Ohio

novimber 23, 2019 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.