Dichter Jelle Zwart is ferstoarn

novimber 2, 2019 15:14

Jelle Zwart is ferstoarn. De dichter is 93 jier wurden.

Zwart is berne yn Ljouwert en groeide op yn Dokkum. Hy debutearre as dichter doe’t er al op jierren wie. Dat wie yn 2004 yn de Fryske skriuwerskalinder, mei syn gedicht Dyn lytse flecht. Yn itselde jier wûn er de Rely Jorritsmapriis foar it fers Inkel sân. Yn 2006 kaam syn bondel Sân skeppen sâlt út. Yn 2009 ferskynde De wite hoed en yn 2017 de bondel Fandele.

Zwart skreau oer tradisjonele tema’s sa as lânskip, natoer en it ferstriken fan ‘e tiid, mar ek oer aktuele saken.

novimber 2, 2019 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.