Dantumadiel en Noardeast-Fryslân dogge mei oan ‘Direkt Dúdlik’

novimber 8, 2019 09:22

Dantumadiel en Noardeast-Fryslân slute har as earste gemeenten yn Fryslân oan by de ‘Direkt Dúdlik-kampanje’ fan it Ministearje fan Ynlânske Saken. Direkt Dúdlik helpt oerheidsorganisaasjes op wei by it begryplik meitsjen fan skriftlike kommunikaasje lykas brieven.

Foto: pixabay.com

Meikoarten sille wethâlders Rommy Kempenaar en Theo Berends de Direkt Dúdlik-ôfspraak ûndertekenje. Dêrmei prate se ôf dat se belied meitsje sille om direkt dúdlik te kommunisearjen, dat se fêstlizze wat der konkreet ferbettere wurde moat en hoe’t se de resultaten dêrfan beoardielje sille. Meiwurkers krije bygelyks help om direkt dúdlik te kommunisearjen.

“Netwurk Begryplike Oerheid”
In protte minsken fine it taalgebrûk fan de oerheid dreech. Dêrom is steatssekretaris Raymond Knops yn gearwurking mei it Nederlânsk-Flaamske “Netwurk Begryplike Oerheid” úteinset mei de kampanje ‘Direkt Dúdlik’. Dêryn wurket it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes gear mei de Nederlânske Taaluny en santich oare organisaasjes, wêrûnder de VNG.

novimber 8, 2019 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.