Dampartij yn bakkerswinkel

novimber 4, 2019 19:13

Dampartij Foeke Siemensma.

Hjoed set in histoaryske dampartij útein: de Bakkerij Siesling-Tresoar-Partij, tusken Foeke Tiemensma te Frjentsjer en Hans Jansen te Amsterdam.

Yn novimber 1958 dage de Frjentsjerter bakker Sake Riemersma de Hollânske skriuwer Godfried Bomans út foar in partij skaak. Bomans hie skreaun: ‘Bakkers zijn […] altijd slechte schakers.’ Bakker Riemersma naam dat net. Der kaam in skaakboerd yn ’e winkel, en alle dagen waard der in set trochskille. Yn maart 1959 moast Riemersma opjaan.

Dy partij krige lêsten op ’en nij omtinken troch in lêzing op Tresoar, Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum en dêrnjonken Kolleksjesintrum foar hiele Nederlân op it mêd fan ’e tinksporten. Doe waard ek besletten om op ’en nij in Nederlânske tinksporter út te daagjen foar in partij ‘by de bakker’, mar dan gjin skaakpartij, mar in spul Frysk damjen.

 

Dampartij Hans Jansen

Alle dagen (útsein sneins) om 5 oere hinne sil der in set spile wurde by bakkerij Siesling. De set wurdt dan ek trochjûn oan ’e media. De partij sil ek te folgjen wêze op Tresoar. Dêr wurdt ek alle tongersdeis om 5 oere it ferrin fan ’e partij oan dan ta koart besprutsen.

Dampartij Bernard Siesling

Bakker Bernard Siesling, ambassadeur fan it Frysk damjen te Frjentsjer, is ree om foar de twadde kear yn ’e skiednis in bakkerswinkel om te tsjoenen ta tinksportarena. De Frjentsjerter Foeke Tiemensma is útdager en spilet mei wyt. Hans Jansen te Amsterdam is mearfâldich Nederlânsk kampioen ynternasjonaal damjen en hat swart.

Frysk Damjen is de oarspronklike fariant fan ’e damsport op in boerd mei 100 fjilden. It rint derút troch de mooglikheid om net inkeld skean mar ek rjocht (horizontaal en fertikaal) te slaan. Sadwaande is der in tige lytse remizemarzje. De lêste tsien jier wurdt it Frysk damjen ek ynternasjonaal beoefene. It jierlikse toernoai Fryslân Iepen te Frjentsjer spilet dêr in haadrol by. Yn 2018 waard der foar it earst in wrâldkampioenskip Frysk damjen spile te Ljouwert.

 

Adressen
Bakkerij Siesling, Foarstrjitte 53, 8801 LB Frjentsjer
Tresoar, Bûterhoeke 1, 8911 DH Ljouwert

Foto’s © WFD/Marten Walinga

novimber 4, 2019 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.