Bysûndere gasten op Noardlik Filmfestival

novimber 1, 2019 11:51

Foto: NFF

Op it kommende Noardlik Filmfestival sille tal fan binnen- en bûtenlânske gasten út de filmwrâld oanwêzich wêze. Op 6 novimber wurdt de 40ste edysje fan it Filmfestival iepene mei de film SWOON fan regisseurs Måns Mårlind en Björn Stein (fan de searje The Bridge). De film wurdt foarôf gien troch de wrâldpremjêre fan it leafdefolle en oangripende drama Nei de Dûns fan Rutger Veenstra dy’t yn 2018 de Filmkick Kompetysje wûn mei syn filmplan en de film meitsje koe mei it prizejild.

Ingvar Sigurðsson
Nei de iepeningsjûn bringt it Noardlik Filmfestival fjouwer bomfolle dagen mei in ferskaat oan unike films mei in Noardlike fokus. Der binne dit jier ek bysûndere binnen- en bûtenlânske gasten oanwêzich, lykas ien fan de bekendste priiswinnende akteurs fan Iislân, Ingvar Sigurðsson. Hy is ûnder oaren bekend fan de filmOf Horses and Men (iepeningsfilm 2014), mar wie ek te sjen yn inkele Hollywoodproduksjes. Sigurðsson is te gast om it Iislânske drama A White White Day fan regisseur Hlynur Pálmason te presintearjen op tongersdei, freed en sneon.

Monic Hendrickx, Roeland Fernhout & Peter Tuinman
Der binne ek nijsgjirrige Nederlânske gasten op it festival te finen. De thriller A Certain Kind of Silence belibbet op sneintemiddei syn Nederlânske premjêre yn Ljouwert. De debútfilm fan de Tsjechyske regisseur Michal Hogenauer is in ynternasjonale ko-produksje mei Nederlân en Letlân en hat in hast folsleine Nederlânske cast. Op it festival is de regisseur te gast mei Monic Hendrickx, Roeland Fernhout en Jacob Jutte om de premjêre te fieren.

Monic Hendrickx is sneintejûn ek by de fertoaning fan Nynke yn it ramt fan de wiidweidige oade oan de dit jier ferstoarne Fryske regisseur Pieter Verhoeff. Akteur Peter Tuinman skoot yn dat ramt, mei aktrise Joke Tjalsma, skriuwer Geert Mak, Verhoeffs frou Hanneke Heeremans en kameraman Paul van den Bos, oan by in Live In Memoriam oer Verhoeff op sneintemiddei 10 novimber, en de fertoaningen fan Het teken van het beest, Van geluk gesproken en De dream.

Noch mear gasten
Ut Sweden komt regisseur Richard Hobert om syn film The Birdcatcher’s Son te presintearjen. Dat is in famyljedrama út de 19e iuw, dat him folslein ôfspilet op de Faeröer Eilannen. Ut Sweden komt ek akteur en skriuwer Simon Settergren, dy’t it skript skreau foar King of Atlantis en dêr ek de haadrol yn spilet. Regisseur Willem Baptist presintearret syn nije film Ring of Dreams en Marc Schmidt syn nije dokumintêre In de armen van. De Nederlânske produsinte Marleen Slot, dy’t okkerdeis in Gouden Keal wûn foar Dirty God jout in masterclass op it festival. Der binne ek noch tal fan filmmakkers oanwêzich yn it ramt fan it regionaal oriïntearre Noarderkroan-programma mei in seleksje fan films mei in relaasje ta Fryslân, Grinslân of Drinte.

It Noardlik Filmfestival is fan 6 oant en mei 10 novimber yn Ljouwert.

novimber 1, 2019 11:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.