Bouwe mei in mearwearde foar it lânskip

novimber 12, 2019 07:24 Fernijd

Hoe’t arsjitekt Nynke Rixt Jukema dat docht, blykt út in fraachpetear mei har yn De Nije (side 16).

Nynke Rixt Jukema; foto: NRJ architectuur

Dêrút: ‘Wy realisearje ús hieltyd faker dat it wichtich is om dat wat we hearre en sjogge yn it lânskip, greidefûgels bygelyks, yn stân te hâlden. Mar wy dogge hast noch neat foar it lânskip sels. Ik besykje projekten ta stân te bringen, lykas bygelyks in útsjochtoer yn Winaam, om minsken de skiednis fan it lânskip sjen te litten. Meastentiids is der wol jild foar, mar it is dreech om minsken bewust te meitsjen fan de wearde fan it lânskip. Yn Denemarken bygelyks wurdt mei mear respekt omgien mei wat der noch yn it lânskip te sjen is.’

Tema fan de nijste jefte fan it Frysktalige tydstkrift De Nije, dy’t no yn tydskriftekiosken, boekhannels en de supermerken fan Poiesz leit, is it spanningsfjild tusken lânskip en ekonomy. It blêd kostet los € 4,95 (yn de winkel); de priis foar in abonnemint (fjouwer jeften yn it jier) is € 17,50. Reaksjes en/of oanmeldings foar abonneminten kinne nei: redaksje.denije@gmail.com.

novimber 12, 2019 07:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.