Bouwe de Boer: Fryslân Skjinnerlân 32

novimber 1, 2019 16:13

Krekt net…

Kollum

Yn Nederlân leit it bêste stroomnet fan de wrâld. Teminsten dat sizze de netwurkbehearders altyd. En dêr hawwe se dan ek wol gelyk oan, want wa hat der bygelyks ea langer as in oere sûnder stroom sitten? Iksels noch nea. Hege kwaliteit dus sûnder twivel. Mar is dat foar de takomst ek sa?

Gjin oansluting
Alliander is yn Fryslân de netwurkbehearder. Fjouwer jier lyn hie ik it al mei Alliander oer de takomst en my waard bewissige: wat der ek bart, de kommende fyftjin jier kinne ús stroomkabels alles oan! Tsja, no binne we fjouwer jier fierder en de problemen binne der op grutte skaal. In skoftke lyn waarden moaie plaatsjes fan Fryslân yn de kranten sjen litten mei grutte reade en giele flekken. Wat docht bliken? No al kinne de stroomtriedden de hoemannichte duorsume enerzjy op guon plakken al net mear oan. Ferskilende bedriuwen yn dy gebieten wolle harren hiele dak fol lizze mei panielen, mar as se oanslute wolle krije se in brief fan de netbehearder: moai plan, mar de earste trije jaar komt der spitigern6och gjin oansluting…

Behearder
It wurd behearder seit al in protte. Behear wat der is en doch dat goed. Dat is dan ek goed gien. Der is lykwols nochal ûnderskat wat der bart as der op grutte skaal sinnepanielen en wynmûnen pleatst wurden. In soad stroom oerdei op plakken dêr’t de stroomtriedden dat net ferwurkje kinne. It Ryk hat mei syn subsydzjeprogramma sinne- en wynenerzjy o sa stimulearre. Dy SDE-regeling hat yn Fryslân krekt in grutte stimulâns west. Bedriuwen as Groenleven, Ekwadraat, Friesland Campina en in protte oare ynstallateurs binne trije jier lyn fuortendaliks oan ’e slach gien om dakken en gebieten fan sinnepanielen te foarsjen. De namme behearder soe dan no ek ferfongen wurde moatte troch netwurkûntwikkele.

Untwikkeler
En dat is krekt wat der no bart. No’t Alliander alle dagen lilke telefoantsjes kriget, feroaret der gau wat. Alliander is der net wiis mei om alle dagen nee ferkeapje te moatten. Nije teams wurde oprjochte om dy nije ûntwikkeling te helpen. Dikkere kabels is in oplossing, enerzjyopslach, ôfskeakelje fan parken by piken, of ekstra ôfname troch oansetten fan apparatuer, der binne ferskillende oplossingen dy’t mei-inoar de puzzel lizze kinne.

Hoe no fierder?
De kommende twa jier sille in protte projekten foar stroomproduksje net trochgean. Dat hâldt de faasje fan enerzjytransysje behoarlik tsjin. Mar… der binne fansels ek ljochtpuntsjes!
It is nammers perfoarst net allinne Alliander te ferwiten. Dat oerheidsbedriuw krige ek net de opdracht om takomstbestindich te wêzen. No kriget it dêr hieltyd mear romte foar. Dus nije minsken en nije oplossingen. Bedriuwen komme ek mei skrandere oplossingen. Wêrom gjin wetterstof produsearje as de sinne te folle skynt? Wêrom dan krekt gjin elektryske auto’s oplade? Technysk is der in protte mooglik. Mar soks wurdt faak earst dien as de need heech is. En… dat is no.

Wolle jo ris sjen by in sinnepark mei wetterstofproduksje? Of in lokaasje dêr’t groepen elektryske auto’s tsjinst dogge as stroomopslach? Of huzen mei eigen akku’s? Binnen twa jier binne se tichteby. De nije ûntwikkelingen komme fluch neier by. En de minsken fan Alliander? Dy hawwe der sin oan. Mear romte foar minsklike ûntwikkeling?
Krekt wol!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

novimber 1, 2019 16:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.