Boris yn Brussel

novimber 1, 2019 09:07

Earste ôflevering fan in nije rige fan Andere Tijden.

Yn de earste ôflevering fan in nije Andere Tijden-rige wurdt weromsjoen nei de perioade dat de Britske premier Boris Johnson EU-korrespondint wie yn Brussel foar The Daily Telegraph en op hiel eigen wize ferslach die fan de Europeeske polityk.

Tusken 1989 en 1994 sûget Johnson foar de krante de meast ûnwierskynlike foarstellen út de tomme dy’t de EU betocht hawwe soe: it ynfieren fan in kondoom mei in standertlingte, dy’t foar Britten te lyts en foar Italianen te grut wêze soe. In ferbod op brike komkommers. Britske fiskers dy’t hiernetsjes drage moatte.

Andere Tijden sjocht werom mei minsken dy’t him yn Brussel fan tichtby meimakken: neiste kollega fan Johnson yn Brussel Sonia Purnell, sjoernalist Syp Wynia, âld-politika Hanja Maij-Weggen, earder Europeesk amtner Nico Wegter en âld-EU-korrespondint John Palmer.

Besjoch ‘Boris yn Brussel’ op NPO Start.

novimber 1, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.