Boekpresintaasje ‘De bruorren Liuwehert’

novimber 6, 2019 08:44

Op freedtejûn 15 novimber presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Astrid Lindgren’s klassike berneboek De bruorren Liuwehert. It tiidleaze fantasyferhaal fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster, no yn in nagelnije Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra en mei bysûndere yllustraasjes fan Kim Hunnersen.

Ofbylding: Regaad

De presintaasje ail yn de Skierstins te Feanwâlden wêze, mei in gastoptreden fan skriuwer Willem Schoorstra, dy’t yn it Frysk foardrage sil út de Aldnoarske Edda. Fantasyrike muzyk wurdt fersoarge troch de band Kapriol’! Fierder is de hiele Skierstins spesjaal foar dizze gelegenheid iepen foar besichtiging.

De doarren gean iepen om 19.45 oere, it programma set om 20.00 oere útein. De tagong is fergees, mar de organisaaasje freget jo wol om jo yn it foar oan te melden fia ynfo@regaad.nl û.f.f “oanmelding Liuwehert”.

Barren: boekpresintaasje De bruorren Liuwehert
Organisator: Utjouwerij Regaad (www.regaad.nl, ynfo@regaad.nl, 06-25427548)
Datum: freed 15 novimber 2019
Tiid 20:00-22:30 (ynrin: 19:45)
Plak: De Skierstins, Haadstrjitte 1 te Feanwâlden
Tagong: fergees (oanmelde ferplichte, fóar 12 novimber)

novimber 6, 2019 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.