Boekpresintaasje ‘As ik letter grut bin’ fan Berber Spliethoff

novimber 21, 2019 08:54

Bisto tusken de 10 en 16 jier? Dan binne dizze gedichten foar dy skreaun:
Om foar te dragen, om te lêzen, om te brûken. 60 Fryske gedichten, om te laitsjen, om oer nei te tinken en oer te fertellen.

Ofbylding: Bornmeer

Sneon 30 novimber oansteande om 10.00 oere is de boekpresintaasje fan de earste dichtbondel fan Berber Spliethoff. De feestlike gearkomste is yn Doarpshús d’Ald Skoalle fan Bears, Bearsterdyk 32. Wiebe Kaspers fersoarget de muzyk. Elkenien is wolkom!

Berber Spliethoff skriuwt al achttjin jier foar kalinders, tydskriften en bondels. Op in útdaagjende, orizjinele en faaks ludike wize behandelet sy de gewoane daaglikse tema’s. Fan 30 novimber ôf leit dizze dichtbondel yn de boekwinkels of is er online te bestellen by útjouwer Bornmeer en oare webwinkels.

Berber SpliethoffAs ik letter grut bin
ISBN 978 90 5615 574 2 | paperback | 88 siden | € 12,50
Te krijen by de boekesaak en fia www.bornmeer.nl.

novimber 21, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.