‘As myn filmhert in kompas wie’

novimber 7, 2019 08:57

40 jier Noardlik Filmfestival

It Noardlik Filmfestival belibbet dit jier syn 40e edysje. Programmamakker Annet Huisman makke de film As myn filmhert in kompas wie oer de noardlike sinema. De film giet op freed 8 novimber op it festival yn premjêre en is op 9 en 10 novimber ek op telefyzje te sjen.

Filmprogrammeur Fredau Buwalda en regisseur Eirik Svensson (foto: Omrop Fryslân)

Programmeur Fredau Buwalda is op it filmfestival yn it Noarske Haugesund, om foar Ljouwert de bêste noardlike films te finen. It jubilearjende festival hat de lêste jierren ommers keazen foar in noardske fokus. Skandinavië blykt hiel suksesfol yn it ûntwikkeljen en ferhanneljen fan de eigen sinema. Kin it noarden fan Nederlân dêr wat fan leare? Mar foaral: wêryn ûnderskiedt dy noardlike sinema him? Bestiet der hoe dan ek in definysje fan? Sprekke dy films spesifyk noarderlingen oan, of net? Fragen dy’t sels foar de filmmakkers yn Haugesund noch net sa maklik te beäntwurdzjen binne. Adwin de Kluyver, skriuwer fan Het gedroomde noorden en programmeur fan it noardlikste filmhûs yn Nederlân (Poadium Flylân), bûcht him deroer. Yn Fryslân litte filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra harren ljocht skine oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

Mirjam de With (foto: Omrop Fryslân)

Fryslân DOK ‘As myn filmhert in kompas wie’
Premjêre: 8 novimber 18.15 oere op it Noardlik Filmfestival
9 novimber 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 10 novimber 13.00 oere)
10 novimber 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Noch mear Fryslân DOK op it Noardlik Filmfestival
Omrop Fryslân is folop belutsen by it Noordelijk Film Festival fan 6 oant en mei 10 novimber yn Ljouwert. Njonken de premjêre fan As myn filmhert in kompas wie, giet ek de Fryslân DOK Hert & Siel – en de keunst fan it motorûnderhâld yn premjêre. Fierders wurde twa oare Fryslân DOK-films toand dy’t nominearre binne foar in Noorderkroon Award: In ûnwennich jier en Moard en lulkoek yn ‘e Wâlden. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/nff.

novimber 7, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.