Alve skriuwers meitsje noch kâns op Piter Jellespriis

novimber 3, 2019 16:07

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de literêre Piter Jellespriis. Dy ûnderskieding wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt, oan in persoan dy’t of in projekt dat in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal. De sjuery hat foar dit jier in seleksje makke út skriuwers, kollektiven en projekten. De lêste kear waard de Piter Jellespriis yn 2016 útrikt, om’t der in jier dêrfoar sprake wie fan sykte yn de organisaasje. De priis waard dêrom in jier opskood en gie doe nei skriuwer en Fries om utens Nyk de Vries.

De nominaasjes foar de Piter Jellespriis 2019 binne:

  • Tsead Bruinja, Kapstôk: gedichten (2018);
  • Josse de Haan, Reade snie en swarte hagelstiennen: novelle (2016);
  • Elske Kampen, Ynbyld: gedichten (2017);
  • Sipke de Schiffart, Oan dy tinke leafdesgedichten dy ‘t it bestean wat lichter meitsje (2017);
  • Jannie Regnerus, Nachtschrijver: roman (2017);
  • Collectief Heksenhamer, ferskate teater- en lietteksten;
  • Willem Schoorstra, De nacht fan Mare (2017);
  • Janneke Spoelstra, De parallaks (2019);
  • Project Poetic Potatoes, Poetry in potato bags (2018);
  • Hans Brans, Oera Linda: The mjoesikul (2019);
  • Peter Sijbenga, diverse teksten, o.a. Mattheus-vertaling NNO (2018), Oeds fan fierwei (2018), teksten berne-iepenloftspul (2014-heden).

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 3, 2019 16:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.