Aant Mulder: Us Heit en gjin hert

novimber 19, 2019 07:00

Kollum

Us Heit, dat is it stânbyld fan steedhâlder Willem Loadewyk op it Hofplein yn Ljouwert. Dat witte we eins allegearre wol. Willem Loadewyk hat as legeroanfierder en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte foar it noarden de goede dingen dien. Hy hie hert foar de saak. Dat fertsjinne al in stânbyld. Dat dat stânbyld der kaam hie lykwols alles te krijen mei it feit dat yn 1795 syn grêftombe en dy fan syn frou skandalich fernield waarden. De omskotten, wat der fan oer wie, waard mei omsoald. Men kin it jin eins net foarstelle, mar dat gie doe fan herten. Letter ha de Ljouwerters dêre hertsear fan krige en it wie dêrom in hertewinsk om dat foar in grut part troch in stânbyld goed te meitsjen. Dat stânbyld kaam der yn 1906.

Éric Van Hove, D9T ‘Rachel’s Tribute’ (detail), 2015 (foto: Lieven Geuns. Courtesy Éric Van Hove / Copperfield Gallery)

Dat is de âlde Us Heit, dy’t dus in hert hie, hert foar de saak. De nije Us Heit is in hiel oar ferhaal, dat is ien sûnder hert. It is likegoed as dat stânbyld in keunstwurk. Sokke keunstwurken kinne we ús hert mar oan ophelje. Dêr hâlde alle ferlikingen ek op. Ik ha it fansels oer de tentoanstelling ‘fenduq’ fan de Belgyske keunstner Eric van Hove yn it Fries Museum. ‘Fenduq’, dat is ek de namme fan it atelier fan de keunstner yn Marrakech yn Marokko. Dêr wurkje keunstners, ambachtslju en oaren mei-inoar gear om motorblokken en ûnderdielen fan motorblokken te meitsjen. Dat der mei hert en siel oan dat ambachtlik keunstwurk wurke is, sjocht men daliks wol. Dy motorblokken binne eins likefolle symboalen fan de yndustriële revolúsje, de tiid derfoar en benammen de tiid dêrnei. De motor fan de fjildhakseler foarmet it sintrale middelpunt. Dat is, sis mar, it hert fan de tentoanstelling. Dat Fryske motorblok neamt er dus Us Heit. Moai, mar ik ha der net folle doel oer. Faaks hie ik my better yn it ferhaal jaan moatten. It giet my oan it hert dat ik dat net dien ha.

Der hie in balseme hynstehert fan in Frysk hynder
dat gewoan deagien wie yn sitte moatten.

Dagen letter lês ik yn de krante, dat ik wat mist ha. Der sit net in hert yn dat motorblok en dat hie wol it doel west. Der hie in balseme hynstehert fan in Frysk hynder dat gewoan deagien wie yn sitte moatten. In hynder dat libbe hie as in hert. De direkteur fan it Frysk Museum moat dat opkeard ha. Ik sis net dat him it hert ûnder de lever sit of dat er twa levers en gjin hert hat, dat er it dus net oandoarde. Hy hat de keunstner likegoed wol op it hert lein, mei klam frege om der gjin hynstehert yn te dwaan. Dat sizzen sil de keunstner as in stien op it hert lein ha. Hy hat dêryn meistimd, mar dat sil er grif net fan herten dien ha. Mei in hynstehert soe it keunstwurk oan symbolyk wûn ha. Foar my is dat fan hynder nei motor, fan ien nei mear hynstekrêften, de tiid fan foar en nei de yndustriële revolúsje. De namme fan de dokumintêre fan Bart Kingma Hert en siel, dêr’t it neamde skeel troch oan ’e oarder kaam, is ek daliks wol dúdlik. Dy dokumintêre hie ek Yn hert en nieren neamd wurde kinne. Beide útdrukkingen jouwe oan dat de keunstner der yngeand oan wurke hat.

Dat Van Hove it gewurde litten hat, sil grif te krijen ha mei de kar fan de keunstner foar de ambachtlike oanpak. Al dy ambachtslju dy’t yn Marokko en op oare plakken oan it keunstwurk wurke ha, moatte betelle wurde. Ik begryp dat it museum dit of in oar keunstwurk fan Van Hove oantúgd hat. Dúdlik dus. De keunstner sil it der yn syn hert net mei iens wêze. De direkteur wol lykwols gjin gedoch mei biste-aktivisten. Hy wol gjin konfrontaasje. Likegoed falt dêr net altyd oan te ûntkommen. Dat bart fan en ta. Dat is eins ynherint oan de keunst. Bleate skilderijen en bylden roppe noch wolris wat op. Affysjes wurde inkeldris ôfplakt of fuorthelle. Wa’t tinkt dat it allegearre wol wat tafalt, moat foar de aardichheid marris op de site mei de namme ‘Museum van Kwetsende Kunst en Censuur’ sjen. It is fansels in firtueel museum. Dêr stiet in grut ferskaat oan ôfbyldingen mei taljochtingen. Hawar ien ding is dúdlik. Sokke diskusjes oer oft it al of net lije kin, smite publisiteit op. Der wurdt oer skreaun en der wurdt oer praat. Ynienen wolle we allegearre sjen wêr’t it oer giet. Dat soe no ek samar kinne.

Éric Van Hove, ‘V12 Laraki‘, 2013 (foto: François Fernandez)

De direkteur wol rekken hâlde mei biste-aktivisten. Ik kin my dêr mar min wat by foarstelle. Net sa hiele lang lyn ha ’k yn It Fries Natuur Museum sjoen hoe’t bisten opset waarden. It hert kearde my hast yn ’t liif. Dy aktiviteiten hear ik nimmen oer. Koartlyn waarden sels wedstriden holden foar wa’t it bêste bisten opsette kin. Ik kin dêr mar min oer, mar ik hâld my foar dat it deade bisten binne. Dat hynder, dat hie in hynder west dat gewoan deagien wie. Sa woe Van Hove dat. Dêr it hert úthelje liket my neat net nuver ta. Dat wurdt gewoan dien, want ik moat begripe dat hynsteherten wol gauris ferwurke wurde ta hûnefretten. De direkteur tinkt der oars oer. No sjogge we in lege glêzen pot. Dy pot dêr hie it hert yn sitte moatten. Hawar, dat moat syn hert mar ophelje.

No’t ik neitink oer wat ik skreaun ha, kom ik ta de konklúzje dat ik net allinne moai faak it wurdsje hert yn in grut ferskaat oan betsjuttingen brûkt ha, mar dat de beide haadrolspilers eins ek net oertsjûgje. It hert slach my suver as in lammesturtsje, mar it hege wurd moat der mar út. Ik wol fan myn hert net in moardkûle meitsje. Ik tink dat der in spultsje spile wurdt. Dat soe samar kinne. Dat no oer dat hynstehert skreaun en wreaun wurdt, hat, ik sei it al, grif fan gefolgen dat minsken nijsgjirrich wurde en eins sels wol efkes sjen wolle. Kin it noch moaier?

 Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
novimber 19, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jangerben Mulder novimber 20, 12:23

    Ik lês jo stikjes altiten mei in soad nocht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.