Aant Mulder: De Wytsingen

novimber 12, 2019 07:00

Kollum

De midsiuwen krije de lêste tiid aardich omtinken. Ik tink net allinne oan it Sieperda-sympoasium dêr’t ik it ferline wike oer hie, mar ek oan de tentoanstelling ‘Wij Vikingen’, dy’t no yn it Fries Museum yn Ljouwert te besjen is.
Ut ’en rûgens kinne we sizze dat dat tiidrek duorret fan 500 oant 1500 ta. Dy perioade begjint mei bewenne terpen. Wa’t dêr krekt op wennen, dat is noch altyd net hielendal dúdlik, mar we neame dy bewenners, krekt as dy fan foar it folkeferfarren, opnij wer Friezen. Oan de ein fan de midsiuwen, binne de terpen en de lannen dêromhinne bedike. Dy tiid begjint dus mei lytse groepen fan terpbewenners, dy’t fan Swin oant Wezer de kusten bylâns wenje. Bewenners, dy’t fan en ta besykje om ta gearwurking te kommen en tagelyk oaren, mei hieltyd minder sukses, op distânsje hâlde wolle. De haadlingen en ruters út de begjintiid moatte plak romje foar greven en hartoggen, foar keningen en keizers. Yn dy tiid ha de Wytsingen tusken rûchwei 800 en 1100 in grut oanpart yn it ferrin fan de dingen hân.

It is de tiid dat de Noardsee hast in soarte fan binnensee is tusken Ingelân, Skandinavië en Frisia. Tusken dy lannen en folken, dy’t ek noch famylje faninoar binne, besteane goede kontakten. Skipfeart makket dat mooglik. De Noardsee wurdt yn de begjintiid fan de midsiuwen sels de Fryske See neamd. De hannelskontakten slaan letter yn de midsiuwen om yn rôvjen en plonderjen. Wy ha it dan oer Noarmannen, Vikingen of noch leaver Wytsingen. De Noarmannen, dat binne dan de gewoane bewenners fan noardliker streken. De jongkeardels dy‘t dêr op it fêstelân gjin takomst ha en dêrom de see op geane om te hanneljen en te plonderjen, dy neame we Vikingen of Wytsingen op syn Frysk. Dat Frisia tichteby dat noarden lei en dat de Friezen suver oan de Wytsingen besibbe wiene, sil dúdlik wêze. De strideraasje tusken de heidenske Noarmannen en de kristlike Franken moatte we ek net oer de holle sjen. De Wytsingen komme hjirre om te hanneljen. Dat hanneljen feroaret dus yn rôvjen en plonderjen. Yn letter tiden bliuwe se yn guon lannen om dy te bestjoeren of sels te kolonisearjen. Men kin jin ôffreegje oft guon Friezen faaks ek net oan sokke tochten en praktiken meidien ha. De útstalling ’Wij Vikingen’ makket wat dat oanbelanget aardich wat dingen dúdlik.

Dy tentoanstelling, dy’t oan 15 maart ta duorret, is de muoite wol wurdich. De op de muorre projektearre weagen dy’t heech geane, roppe daliks bylden op fan nuodlike tochten oer see. Underwilens komt der in see oan ynformaasje op de besiker ôf as dy dat wol. Ferhalen hingje yn de romte. Foarwerpen lizze yn fitrinen. Sa kinne we nei gâns wat ferhalen harkje, en dingen dy’t opgroeven binne besjen. Yn guon foarwerpen binne tekens krast. Dy tekens, dat binne runen. Ik ha faak plaatsjes sjoen fan sokke foarwerpen. It swurdsje fan Arum hat altyd yndruk op my makke. No kin ik dat swurdsje bewûnderje en ik moat sizze, it is lytser as ik ferwachte hie. Fierder kinne we in grut ferskaat oan sletten skatfynsten besjen. Dy jouwe in byld fan dy ferskuorrende tiden. Hastich fuort moatte, flechtsje en hoopje om werom te kommen.

Wa’t út eigen frije wil mei de Wytsingen de see op gie om te rôvjen en te plonderjen, hoegde net werom te kommen.

Der binne mear nijsgjirrige dingen. Ik tink oan it hakjild. It gie de Wytsingen dus net om de symboalyske mar om de werklike wearde fan de munten. In keapman hie as ark lytse skealjes by him. Dat de Wytsingen wyld en ûnfersoarge wiene, dat moat in myte wêze. Dat docht bliken as we de kammen en pinsetten besjogge dy’t se brûkt ha om harsels op te kreazjen. It is ek aardich om te sjen dat froulju net swak byspilen, mar nei alle gedachten har ‘man’ stiene. Dat Friezen meidiene, wurdt ek dúdlik út it rjocht, sa’t dat op de tentoanstelling te besjen en te beharkjen is. Wa’t út eigen frije wil mei de Wytsingen de see op gie om te rôvjen en te plonderjen, hoegde net werom te kommen. Wa’t lykwols ûnder twang mei moast, meidwaan moast, dy koe al weromkomme. Dan ha we it eins oer slaven. As ik in halsbân lizzen sjoch dy’t grif krekt om de hals passe mei in each om in learen riem of sa oan fêst te meitsjen, dan wit ik wer dat slaven fan alle tiden binne.

It moaiste fan de hiele tentoanstelling is fansels it drakeskip dat learlingen fan ROC Friese Poort (Maritieme Techniek) boud ha. Dêr wurde op de muorre de tafrielen fan Wytsingen toand, dy’t we allegearre yn it reklamespotsje op de telefyzje grif wol sjoen ha. Prachtich. Men moat jin wat ynspanne om alle ynformaasje op te nimmen, mar wa’t dat docht wurdt aardich wat wizer oer de tiid fan de Wytsingen. Ik bin entûsjast. It ropt bylden op fan de fiif opgroeven Vikingskippen dy’t ik jierren ferlyn yn it Viking Ship Museum fan Roskilde yn Denemarken sjoen ha. Guon dingen dy’t ik lêzen ha, komme my wer yn ’t sin. Wa’t mear oer dy tiden witte wol, kin ik de kreas útfierde katalogus by dizze tentoanstelling oanrekommandearje. It is in moai en ynformatyf boekwurk.

Wer ûnderweis nei hûs ta betink ik dat it de muoite wurdich wie, mar in vikingskip mei in seil en Vikingen oan de riemen, dat hie fansels krekt efkes moaier west. Dat hie grif wol kinnen. Doe’t we yn Denemarken wiene ha we as Vikingen iten. Hawar no wurde lêzingen holden, films fertoand en hiele aparte jûnen mei iten en drinken holden om dy sfear op te roppen. Dat liket my wol wat ta.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 9 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

novimber 12, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben Mulder novimber 13, 22:46

    Wy hiene op de legere skoalle nochal in fanatike master, dy hat ús altiten foarholden dat de Noormannen barbaren wiene, Dy stitsen de doarpen yn’e brân, namem de froulju mei en plunderje.
    Letter doe Eric de Noorman as byldferhaal yn de krante stie kriege ik der in oare kyk op.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.