Aant Mulder: De wierheid lige

novimber 5, 2019 07:00

Kollum

Ik ha sneon 12 oktober net nei it Sieperda Sympoasium yn it HCL (Histoarysk Sintrum Ljouwert) ta west. Efterôf muoit my dat. Ik hie de ferhalen oer ‘Redbad en syn tiid’ grif nijsgjirrich fûn. Dat jildt benammen foar it iepeningswurd fan Willem Schoorstra. Dat ferhaal hie ’k wol hearre wollen om it ferhaal sels en om de skriuwerij of moat ik sizze kreauwerij dy’t dêrop folge.

Schoorstra hold in ferhaal oer myten en dat we dêr eins net sûnder kinne. Hy hie it fansels oer Redbad, mar hy hie it likegoed oer Grutte Pier ha kinnen. Oer dy beide histoaryske figueren hat er boeken skreaun. Rêdbâd, kening fan de Friezen en De profesy fan bline Simen. Ik ha beide histoaryske romans mei nocht en wille lêzen. It binne wat my oanbelanget oanrieders. Hy hat wol mear skreaun, mar dat docht der no net ta. Schoorstra is dúdlikernôch in man dy’t rjocht fan praten hat. Ik moat sizze dat ik syn ferhaal sa’t dat yn ’e krante stie hiel aardich folgje koe. Folken en naasjes ha âlde ferhalen nedich om mei-inoar foarút te kinnen, om har in soarte fan identiteit te jaan. Dat dy ferhalen allegearre net like wier binne docht der net ta. It giet derom dat we der mei-inoar niget oan ha. De ferhalen binne ûnderwerp fan toaniel en film, fan muzyk. De tentoanstelling ‘Wij Vikingen’ yn it ‘Fries Museum’ past eins treflik yn dyselde tradysje. It binne ús ferhalen. It jout ús wat eigens. Neam dat mar identiteit. Dat it dêr net mei ta kin, dat is fansels ek wol dúdlik.

Ik kin it wol mei Schoorstra syn fyzje lykfine. Mar as ik in pear dagen letter it stik fan Willem Verf yn de LC as reaksje op dy taspraak fan Schoorstra lês, reitsje ik it paad wat bjuster. Verf begjint aardich kollegiaal. Logysk fansels, want it binne beide skriuwers. Hy skriuwt wol gjin histoaryske romans, mar syn boeken, dêr’t It sinfol bestean de lêste fan is, ha ik ek mei nocht en wille lêzen. Verf jout in gearfetting fan wat Schoorstra bedoelt. Dêrnei neamt er allinne mar dingen op dy’t heaks op de mytes fan Schoorstra steane. Hy hat it oer heukerjende Friezen op kliemske en kâlde terpen, oer stoere mannen dy’t ûnderling en mei buorfolkjes rûzje makken. Hy hat it ek oer Redbad fansels. Dy soe net yn Westerlauwersk Fryslân wenne ha. Hy sjocht de Friezen as in lyts folkje yn in sompige úthoeke fan Europa mei in taal dy’t stadichoan weiwurdt. It is in oare fyzje en men kin jin ôffreegje oft dat dan gjin myte is. De ein fan it ferhaal falt lykwols ôf. Verf wol syn gelyk helje en dat docht er lang om let net mear mei arguminten. Schoorstra wurdt in skriuwer neamd, dy’t it paad bjuster is. Verf hat it dan ek noch oer ‘boreale fjilden’. Dan komme de keallen út it hok. Verf wol mear sosjologysk ûndersyk en hy wol in omkear berikke troch oare prosessen. De brede maatskiplike diskusje, dêr’t er de foaroanman fan is, moat dat mooglik meitsje. Ik hie it witte kinnen!

‘Frame’, dat dogge se allebeide hiel aardich of better sein net sa hiele aardich.

It artikel fan Verf is foar Schoorstra dus net sa aardich, al wurdt er yn dat krantestikje ek kollega-skriuwer neamd. It seit himsels hast dat Schoorstra reagearret op Verf syn skôging. Dy reaksje huft der likegoed yn. Schoorstra hat it oer fatsoen, ynsjoch en yntelliginsje, de dingen dêr’t Verf stik foar stik te min fan hat, en dat er in byld skept dat foldocht oan syn eigen wanen. Hy is ek fan betinken dat Verf bewust besiket taspraak en skriuwer te ‘framen’. Dy opmerking fernuveret my. ‘Frame’, dat dogge se allebeide hiel aardich of better sein net sa hiele aardich. Sy sizze inoar it mannewaar op, lêze inoar it leksum. Ik kin wol begripe dat Verf wat opropt, mar Schoorstra hâldt him perfoarst net yn. De lêste sin seit wat dat oanbelanget genôch: ‘It soe mei oare wurden romanskriuwer Verf te priizgjen stean as er syn beskamsum, ûnweardich en tendinsjeus stikje rektifisearje soe.’ Ik bliuw mei de kater sitten: twa kreauwende skriuwers dy’t yn Minder myte, mear oprjochtheid (Verf) en Myten as part fan de histoarje (Schoorstra) skrank en skriks foarinoar oer komme te stean, wylst ik my ôffreegje oft it wol tsjinstellingen binne.

Ut ûnferwachte hoeke komme antwurden. Ik sjoch sneins graach nei Buitenhof op Nederlân 1. Ferline wike gie ien petear yn dat programma oer it nije boek fan Kwame Anthonia Appiah, de Britsk-Ganeeske filosoof Het zijn de leugens die ons binden. Een nieuwe kijk op identiteit. Dat ferhaal giet oer identiteiten en it al en net bestean dêrfan. Yn dat ramt kaam fansels de opmerking fan keninginne Maxima oan ’e oarder. ‘De Nederlander bestaat niet’. As dat foar Nederlanners jildt, dan jildt dat útstoarte fansels hielendal foar ús as Friezen. Likegoed kinne we net sûnder in ‘wy’-gefoel. Appiah seit oan de ein fan syn fraachpetear mei Pieter Jan Hagens sels dat foar in grut part fantasearre dingen de Nederlanners ta Nederlanners meitsje, wylst foar party minsken dat fantasearre ferhaal net iens jildt. Dat komt foar ús eins aardich op itselde del.

It binne de ferbinende ferhalen dy’t der ta dogge oft se no al of net wier binne. De leagens ferbine likegoed. Sa besjoen kin ik no, nei dat ferhaal fan Appiah, goed út de fuotten mei de krantestikjes fan Verf en Schoorstra. Dy ferhalen en mear meitsje ús ta de Friezen dy’t we no binne. Moai dat de skriuwers beide op eigen wize dat ferline in plak jouwe. It hie allinne wol wat fleuriger kinnen. Foar wa’t ik nijsgjirrich makke ha nei dat petear mei Appiah, jildt, dat it maklik werom te finen is. Efkes op ‘Buitenhof’ klikke. Dat is alles. De beide skriuwers soe ik net allinne dat ferhaal mar ek it boek oanrekommandearje wolle.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 2 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
novimber 5, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe novimber 5, 11:23

    Ik leau net dat de leagens fan Mulder sa goed ferbine wolle. Dy fan Trump ferbine ek net. Fansels binne der altyd rûnten dy’t har o sa graach ,,ferbûn” fiele wolle, makket net út troch watfoar ûnsin. Dêr hat de skiednis in hieleboel foarbylden fan, dy lit ik hjir mar sitte mar de gefolgen wurde noch alle jierren betocht. Punt twa: watfoar myten binne Mulder c.s. dan sa sljucht op? Want as alle ligen meitelt, wêrom dan altyd dy iere midsieuwen? O ja! Dy âlde ,,Friezen” dy’t har in pear jier lang (koart) ward ha tsjin de âlde ,,oaren”. De skiednis nei de midsieuwen beslacht no al mear as fiifhûndert jier, mar dêr hawwe ús nasjonalisten blykber neat fan har gading mear yn fûn. Mei oare wurden, sa likernôch doe’t de minsken te uzes droege fuotten krigen, hâlden se op mei nijsgjirrich te wêzen foar de Frysk-nasjonale nostalgy-produsinten (lês: flauwekulferkeapers) mei har wol hiel stoffige, mar ek nutteleaze, en dus skealike en kwealike sjabloanen. It wurdt wat ientoanich ek, dat rippertwaar. Dêrom hjir in pear wat resintere nammen, gaadlik foar ferearing as Fryske ‘held’: Wigle fan Aytta, Sikko fan Goslinga, Koert Lambertus fan Beyma, Harmen Sytstra, Waling Dykstra, Geeske Feddes, Trui Jentink, Piter Jelles, en sa earst mar. Mar dêr binne dan miskien oare kollumskriuwers foar noadich, mei wat mear respekt foar de wittenskip en wat minder fassinaasje foar tribale fantasterij. Sjuch fierder:

    https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2019/11/de-brykfryske-mienskip-lezing-halden.html

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.