Aant Mulder: City of Literature fan Fryslân … of fan The North

novimber 26, 2019 07:00

Kollum

Ljouwert is koartlyn útroppen ta Unesco City of Literature. Begjin it oare jier wurdt dêr aktyf op ynset en yn de twadde helte fan dat jier kinne we der wat fan fernimme, sizze se. Ik ha op grutte ôfstân de diskusje oer dat ûnderwerp folge. Ik hoopje altyd wer dat it wat opsmyt foar de Fryske literatuer. No’t ik dêr net folle oer hear, tocht ik dat it tiid waard en gean sels mar ris op ûndersyk út. Foar’t ik dat doch, neam ik earst noch mar in pear feiten.

Der binne no de hiele wrâld oer 39 Cities of Literature. Dêr sit Ljouwert al by en Utert fansels ek, de stêd dy’t sûnt 2017 diel útmakket fan dat netwurk. Unesco hat mear fan sokke kreative netwurken. In pear foarbylden: City of Film, City of Music, City of Media Arts en sa fierder. Dêr binne sân fan. Wy komme sa op in moai grut ferskaat oan stêden. Safolle stêden, dat makket beskieden. As ik it allegearre goed begryp, giet it earst en meast om it útwikseljen fan kennis en literatuer tusken de stêden fan dat netwurk, de Cities of Literature.

Ik bin wol benijd wêrom’t Ljouwert foar dizze titel krewearre hat. Dat it wurdt tiid om it bidbook, it oanfraachformulier, op te sykjen. It is digitaal te finen. As ik hjir en dêr wat lês, kom ik al gau aardich wat algemiene opmerkingen tsjin. Bygelyks: ‘De titel is in erkenning foar ús taal, literatuer en de meartalichheid fan Fryslân’. Ik lês yn: ‘In literêre tiidline fan Fryslân’ kreas, hoe’t troch de jierren hinne Fryske en Hollânske skriuwers yn Fryslân op in rychje set binne. Neat mis mei fansels, mar likegoed krij ik it gefoel dat de Fryske literatuer der bekaaid útkomt. Fierder wurdt der in protte sein oer meartaligens. Foarbylden fan haadstikjes: ‘It belang fan meartaligens’, ‘Meartaligens yn Fryslân’, ‘Oersette yn Fryslân’.

As ik dan lêzendewei ek noch tsjinkom dat de ferskate plannen fan it Skriuwersboun net yn it bidbook steane, krij ik it gefoel dat we wat de Fryske taal en kultuer oanbelanget mar net al te hege ferwachtingen fan City of Literature ha moatte. It leit allegearre hast folslein yn it ferlingde fan Ljouwert/Fryslân 2018 en Lân fan Taal, dat dêre in ûnderdiel fan wie. As ik dan ek noch lês dat Ernst Bruinsma van de Afûk as saaklik lieder en Marleen Nagtegaal van Explore the North as artistyk lieder de organisaasje foarmje, is it neffens my wol dúdlik. Net Ljouwert en Fryslân slaan foar master op, mar Het Noorden! Ik fernuverje my der mar net mear oer.

It hat der alles fan dat ús taal weromkrongen wurdt ta
ien fan de talen yn it ramt fan meartaligens
en sa nei de eftergrûn ferdwynt.

Dat Explore the North meidocht, dêr wurdt it foar de Fryske literatuer net better fan. Dat moat dúdlik wêze. Ik lês ommers yn datselde bidbook: ‘De noardlike kultuer is ûnderskiedend, in ûnútputlike boarne fan ûndersyk en ynspiraasje foar skriuwers, keunstners én publyk. Dat is wêrom’t we de noardlike kultuer koesterje, ûntwikkelje en oanpriizgje as grûngebiet foar artistyk heechweardich wurk.’ Jimme hearre it wol, de Fryske kultuer is in noardlike kultuer wurden en dat jildt útsoarte fansels ek foar de Fryske literatuer, dy’t net iens mear by namme neamd wurdt.

It liket wol oft der hieltyd minder romte foar it Frysk is. It hat der alles fan dat ús taal weromkrongen wurdt ta ien fan de talen yn it ramt fan meartaligens en sa nei de eftergrûn ferdwynt. De Fryske taal en kultuer rekket betize yn in hieltyd noardliker ferhaal dat rûnom yn de wrâld begrepen wurde moat. Ja, dan komme we opnij wer net safier mei it Frysk. It giet ta op it sjen litten fan, it skriuwen en fertellen oer de Fryske literatuer en dat dan benammen yn oare talen. It Skriuwersboun hie dy gong fan saken net gewurde litte moatten, de Ried fan de Fryske Beweging likemin. Meartaligens is moai, mar dan moatte It Hollânsk en it Frysk earst wol lykweardige talen yn Fryslân wêze. Wy binne yn it foarste plak in twatalige provinsje. Dat moat stean as in hûs, in hûs fan taal, dat net omblaasd wurde kin. Dan, en net earder, komt der ek romte foar Lân fan Taal mei de meartaligens dêr’t se dêre sa grutsk op binne.

Ik moat ynienen tinke oan de rede dy’t Douwe Kalma yn 1916 hold en dêr’t de titel fan suver in biedwurd wurden is: Fryslân en de wrâld. Dat betsjutte it Frysk sa brûke dat it net ûnderdie foar oare talen om ús hinne. Dêre is doe benammen troch Kalma sels heech op ynset. Der kamen folk- en gealeargongen, Fryske tydskriften, oersettingen, folle net genôch. De taal moast leard en brûkt wurde. Fryslân hat dêr mear as in bytsje oan hân. Wat my oanbelanget soe dat biedwurd fan doe no ek passe moatte by Stêd fan Literatuer’. No giet it lykwols krekt oarsom. City of Literature begjint net mei Fryslân, mar mei de wrâld. Om yn de wrâld mei te dwaan, wurdt it Frysk ûnderstek dien, ik kin it net oars sjen.

En dat wylst de Ried dwaande is mei in nij Frysk tydskrift ‘De Nije’, wylst it Skriuwersboun krekt it treflik jublileumboek ‘Nearnewrâld’ útbrocht hat en Aggie van der Meer foar har hiele literêre wurk de Gysbert Japikspriis krige hat. As we echt stêd en provinsje fan de literatuer wêze wolle,  dan moatte sokke dingen der ta dwaan, stipe wurde. Dêre heart ûnderwiis by, kursussen, Fryske tydskriften en boeken. Dêr moatte we wol wat jild foar oer ha. Neat net slim, want City of LIterature en Explore The North binne grif ek net fergees. Dêr kin ik yn it bidbook lykwols neat oer fine. Nuver!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 23 novimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle. De foto’s – dy’t yn it ramt fan LF2018 by Lân fan Taal hearre – binne ek fan him.

 

novimber 26, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.