‘2 Meter Sessies’ werom by de publike omrop

novimber 29, 2019 08:58

It goed tritich jier besteande muzykprogramma 2 Meter Sessies is werom by de publike omrop. Alle wurkdagen stjoert de NTR tusken 20.00 en 20.30 oere in sesje út it rike argyf út op NPO 2 extra. De sesjes binne fan jannewaris 2020 ek werom te sjen fia NPO Start.

Jan Douwe Kroeske mei Damien Jurado (foto: NTR)

Yn 1987 begûn programmamakker Jan Douwe Kroeske yn syn radioprogramma mei ‘2 Meter Sessies’. Dêryn spilen (ynter)nasjonale muzikanten yn in serene studio-omjouwing harren ferskes live (en meast sûnder publyk). Yn 1993 folge de stap nei telefyzje en waarden der troch de jierren hinne sesjes filme mei klinkende nammen as Coldplay, David Crosby, James Taylor, Radiohead, Joe Cocker, Foo Fighters en Aerosmith. It programma ferliet de publike omrop yn 1999 en wie dêrnei o/m 2014 by ferskate omroppen te sjen. Nije sesjes hat Kroeske altyd noch opnaam, oant hjoed-de-dei. Sa mocht er ferline wike sesjenûmer 1704 notearje.

Utstjoering: o/m 23 desimber alle wurkdagen om 20.00 oere en om midnacht hinne op NPO 2 extra.

Oer NPO 2 extra
Op NPO 2 extra binne non-stop dokumintêres, keunst & kultuer, literatuer, film, muzyk, teater en dûns te sjen. Dat is op kanaal 88 (KPN/XS4all/Telfort) of kanaal 222 (Ziggo) én foar elkenien fia ynternet: www.npostart.nl.

novimber 29, 2019 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.