Nijjierskonsert yn Museum Belvédère

novimber 17, 2019 09:02 Fernijd

Op 19 jannewaris wurdt lykas wenst it Nijjierskonsert yn it Museumkafee fan Museum Belvédère holden, yn gearwurking mei de Hearrenfeanster Keunstrûnte en Cultbee (Kultureel Beetstersweach). It konsert duorret in oere en biedt de gelegenheid om inoar in lokkich nijjier te winskjen.

Foto: Museum Belvédère

De muzyk wurdt fersoarge troch trije jonge profesjonele musisy: Wytske Holtrop (sello), Vitor Fernandes (klarinet) en Caspar Vos (piano). Hja spylje klassike muzyk foar trio fan ûnder oare Brahms en Bruch. Foargeande edysjes fan it Nijjierskonsert wiene útferkocht, dus om teloarstelling foar te kommen is it oan te rieden om de kaartsjes fan tefoaren te keapjen.

Reguliere yntree: € 21,-
Freonen fan it Museum: € 18,50
Besikers o/m 25 jier: € 10,-
Besikers o/m 12 jier fergees

(Btw, museumyntree, kofje/tee en in drankje binne ynbegrepen.)

Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

novimber 17, 2019 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.