Noflike middei yn Kleastertsjerke Koartehimmen

novimber 1, 2019 08:57

Op sneintemiddei 17 novimber fan 14.00 oere ôf sille sjongeres Grytsje Kingma en ferteller Johan Veenstra tegearre in noflike middei fersoargje yn de Kleastertsjerke fan Koartehimmen (ûnder Drachten). Veenstra syn ‘Stellingwarver verhaelen’ wurde ôfwiksele mei lieten fan Kingma. Hja hawwe in ôfwikseljend en moai oanslutend programma gearstald.

Sjoch foar mear ynformaasje oer tiid, adres ensafh. op bygeande affysje. Alle belangstellenden binne fan herte wolkom! Op tiid in plak reservearje is wol oan te rieden, want it tsjerkje sit mei sechtich persoanen fol. Reservearje kin mei in mailtsje oan kingmakonserten@solcon.nl (oanjaan om hoefolle persoanen as it giet).

novimber 1, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.