Wittenskippers witte te min fan it Frysk
Resint ferskynd
Wittenskippers witte te min fan de Fryske taal. Dêrtroch meitsje hja ûnnedige flaters. Taalkundige Henk Wolf beskriuwt in pear foarbylden fan misferstannen dy’t sa ûntstean kinne. Dat docht er yn in artikel op it webstee Neerlandistiek.
Wolf wiist derop dat wittenskippers net genôch fan de Fryske sprektaal witte om konklúzjes lûke te kinnen oer wurdfiningsswierrichheden by Friezen. Dochs dogge hja dat. Wolf ret ûndersikers dy’t troch harren wurk mei it Frysk te krijen hawwe oan en sykje kontakt mei bygelyks de Fryske Akademy.
It stik is hjir te lêzen.
Spiker op ‘e kop rekke!