Henk Wolf: Wêrom hite Fryske froulju ‘Friezinnen’?

oktober 27, 2019 13:54

Troch Henk Wolf

Niis wiisde ien my op in fraach op in Frysktalige Facebookgroep, nammentlik wêrom’t Fryske froulju ‘Friezinnen’ neamd wurde – yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. Dat is wol in nijsgjirrige fraach en it antwurd is net al te yngewikkeld.

Alderearst: de ferfroulikjende útgongen -inne (Frysk) en -in (Nederlânsk) binne net mear produktyf. Se wurde net mear brûkt om nije wurden foar froulju (of wyfkebisten) ôf te lieden. Dat wol sizze dat foarmen lykas ‘Friezin(ne)’ wol ferdwine kinne, mar dat der gjin nijen by komme.

De oergrutte mearderheid fan de wurden op -in(ne) dy’t wy no noch ha, komme út in tiid dat dat achterheaksel wol produktyf wie. It waard doe plakt achter twa soarten wurden:

– wurden fan ien wurdlid (‘Rus-Russin(ne)’, ‘Fries-Friezin(ne)’, ‘vriend-vriendin’, ‘kok-kokkin(ne)’ ensfh.);
– wurden fan twa wurdlidden mei de klam op it earste (‘duivel-duivelin’, ‘ezel-ezelin’, ‘hertog-hertogin’, ‘kening-keninginne’ ensfh.).

De koarte ferzje fan it antwurd op ‘e Facebookfraach is: ‘Friezin(ne)’ is sa’n ienwurdliddich wurd dêr’t minsken ieuwen lyn -in(ne) achter plakt ha en dat tiids tosk trochstien hat. In fraach dy’t men jin ek noch stelle kin, is wêrom’t it Frysk en Nederlânsk navenant sa’n bytsje ferfroulikingen op -in ha.

It Dútsk hat dêr nammentlik folle mear fan. Yn it Dútsk is -in noch altyd produktyf. It hat yn dy taal de Frysk-Nederlânske beheiningen net. It koe en kin der achter wurden op -er plakt wurde, sadat nije foarmen lykas ‘Äthiopierin’, ‘Politikerin’ en ‘Programmiererin’ maklik te meitsjen binne. It Frysk en Nederlânsk ha dy mooglikheid net. Nammen foar ynwenners of minsken mei in beskate nasjonaliteit of leden fan in folk eingje faak op dy útgong -er. Dútsktaligen ha dan ek ‘Engländerin’, ‘Niederländerin’, ‘Saarländerin’ en sa mear, wylst sprekkers fan it Frysk en Nederlânsk sokke ferfroulikingen net mei in achterheaksel foarmje kinne. It wurd ‘sigeunerinne’/’zigeunerin’ is sûnder mis út it Dútsk liend.

Yn it Frysk en Nederlânsk is der foar it ferfroulikjen fan sokke wurden foar ynwenners, nasjonaliteiten en folksgroepen eins mar ien mooglikheid oerbleaun: it brûken fan it eigenskipswurd (it ‘bijvoeglijk naamwoord’). Dêrom ha wy it oer ‘in Hollânske’ of ‘een Hollandse’, oer ‘in Grinslânske’ en ‘een Duitse’.

Yn prinsipe soest ek foarmen meitsje kinne lykas ‘in Fryske’, ‘in Joadske’, ‘in Russyske’ en sa mear, mar de âlde foarmen op -in(ne) binne noch sa gebrûklik dat dy sokke nijfoarmingen yn it paad sitte. Blykber ha minsken in sterke wjerstân tsjin it foarmjen fan nije wurden as se al in wurd witte dat presys itselde útdrukt. Dat wurdt yn ‘e taalkunde wol ‘it prinsipe fan Von Humboldt’ neamd.

It Fryske -ske assosjearje wy no meast mei eigenskipswurden, mar it koe oant in ein yn ‘e tweintichste ieu op ek achter haadwurden (‘zelfstandige naamwoorden’) plakt wurde. Douwe Tamminga skreau yn de jierren sechstich noch dat er ien it wurd ‘kondukteurske’ ôfheind hie, mar no lykje foarmen lykas ‘kosterske’ en ‘foarsitterske’ fierhinne út de omgongstaal weiwurden en sels yn ‘e literêre taal komme se amper mear foar. Men kin jin sels ôffreegje oft ferfroulikingen hjoed de dei noch wol yn it Frysk foarme wurde of dat se streekrjocht út it Nederlânsk oernaam wurde. Foarmen lykas ‘konduktrise’ en ‘froulike wethâlder’ wize dêr wol op.

oktober 27, 2019 13:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.