Waldemar Torenstra presintearret ‘Verborgen verleden van Nederland’
Resint ferskynd
Yn de nije achtdielige searje Verborgen verleden van Nederland ûntraffelet presintator en akteur Waldemar Torenstra de ferburgen skiednis fan bysûndere plakken yn Nederlân.
Yn alle ôfleveringen stiet ien plak sintraal. Wat betsjut dat plak hjoed-de-dei en hokker betsjutting hie it yn it ferline? Persoanlike skiednissen wurde ôfwiksele mei it dollen yn argiven en moaie ferhalen fol histoaryske sinsaasje. Waldemar ûntdekt op ’e nij âlde aventoeren, ûngelokkige stjergefallen, politike yntriizjes, tsjustere affêres en fatale leafdesskiednissen. Want fatale leafde is fan alle tiden, fansels.
Waldemar nimt de sjogger mei op in reis troch de tiid. Lytse skiednissen reitsje de grutte en mei-inoar karakterisearje se it plak. En al dy skiednissen en al dy bysûndere plakken fertelle it ferhaal fan Nederlân en ús foarâlden, troch de iuwen hinne. Verborgen Verleden van Nederland lit de plakken sjen dy’t men allegear tocht te kennen – en de ferrassende skiednissen dy’t se ferburgen hâlde.
De acht lokaasjes yn seizoen 1 binne: it Vrijthof yn Maastricht, de Brandaris fan Skylge, de Portugeeske Synagoge fan Amsterdam, wetterdoarp Giethoorn, Paleis Soestdijk, de Alde Haven fan Rotterdam, Hotel Des Indes en de Martinitoer fan Grins.
Utstjoering: freeds fan 11 oktober o/m 29 novimber, 21.10 oere op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje