Waarpraatsje: Strieminne freed

oktober 10, 2019 18:28

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der foelen tongersdei rûnom yn ‘e provinsje buien, mar der wiene ek kreaze mominten. Freed wurdt in minne dei.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed falt der sa út en troch rein. De súdwestewyn wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns hurd mei kâns op (swiere) wynstjitten. Mei 11 graden is it in mylde nacht.

Freed is de loft berûn en kin it sa út en troch flink reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

Yn it wykein is it ek ritich.

Jan Brinksma

oktober 10, 2019 18:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.