Waarpraatsje: Sneon drûch, snein rein

oktober 4, 2019 19:14

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in wiete en in plan-út kâlde dei. It wykein hat twa gesichten.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en op guon plakken kin it dampich wurde. De wyn komt út it noardeasten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt tusken de 4 en 7 graden.

Sneon skynt de sinne flink, mar der komt yn ‘e rin fan ‘e dei wol hege bewolking. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer om de 13 graden hinne.

Snein bliuwt it net drûch en wurdt it ek wer in pear graden kâlder. De matige wyn komt dan út it súdeasten

Nei it wykein bliuwt it ritich.

Jan Brinksma

oktober 4, 2019 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.