Waarpraatsje: Snein ek drûch

oktober 5, 2019 18:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frisse nacht wie it in hiel kreaze sneon. Snein sjocht der foar Fryslân ek goed út.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein rekket de loft stadichoan berûn, mar it bliuwt drûch. De wyn giet nei it súdeasten en wurdt matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Snein bliuwt it yn Fryslân, nei alle gedachten, drûch. Hielendal wis is dat noch net. De wyn komt út it easten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 11 graden.

Moandei krije wy noch in drûge dei.

Jan Brinksma

oktober 5, 2019 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.