Waarpraatsje: Ritich wykein, mar mylde snein

oktober 11, 2019 17:21

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in strieminne dei mei de hiele dei rein en in flink stik wyn. Freedtejûn falle der flinke buien en sneon is it ek ritich.

Yn ‘e rin fan freedtejûn falle der yn Fryslân flinke buien. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd en letter by de noardwestkust lâns stoarmich mei kâns op swiere wynstjitten. Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en falt der sa út en troch rein. De súdwestewyn jout him del en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Sneon is de loft op ‘e nij berûn en kin it earst nog hieltyd reine. De súdwestewyn is swak oant matich. It wurdt yn Fryslân net folle waarmer as 13 graden.

Snein bliuwt it ek net drûch mar mei in temperatuer om de 20 graden hinne is it dan wol myld.

Jan Brinksma

oktober 11, 2019 17:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.