Waarpraatsje: Rêstich mei kâlde nachten

oktober 28, 2019 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie  moandei in hiel kreaze dei mei op guon plakken in koarte bui. Tiisdei sil ek in moaie dei wurde mei, nei alle gedachten, flink wat sinne.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen, mar der kin ek noch in buike falle. Op guon plakken is wat damp net hielendal útsletten. De swakke wyn komt út rjochtingen tusken it noarden en noardeasten. By de kust lâns is de wyn matich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Tiisdei skynt de sinne flink en op de measte plakken bliuwt it drûch. De swakke oant matige wyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei fan it noardeasten nei it easten. It wurdt op syn heechst 10 graden.

Woansdei feroaret der net folle oan it waar. Fan tongersdei ôf wurdt it wer ritich en stadichoan ek wer mylder.

Jan Brinksma

 

oktober 28, 2019 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.