Waarpraatsje: Op ‘e nij ritich

oktober 7, 2019 19:35

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in frisse nacht wie it in hiel kreaze moandei mei geandwei wol mear bewolking. De oare dagen fan ‘e wike binne wer ritich.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei set it op in reinen. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei in temperatuer om de 10 graden hinne is it in mylde nacht.

Tiisdei skynt de sinne sa út en troch, mar der kin ek in buike falle. Yn ‘e jûn falle der, nei alle gedachten, flinke buien, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 15 graden.

Nei tiisdei bliuwt it ritich mei geregeld rein of buien.

Jan Brinksma

oktober 7, 2019 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.