Waarpraatsje: Omslach

oktober 31, 2019 19:48

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht (Ljouwert -0,9 en Starum 0) en in tal strieljende dagen sil it waar fan freed ôf bot feroarje. It wurdt in hiel stik ritiger.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft stadichoan berûn. De wyn komt út it súdeasten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 1 en 4 graden.

Freed is de loft berûn en reint it sa út en troch. De wyn is matich en komt út it suden oant súdeasten. By de kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich. It wurdt net folle waarmer as 9 graden.

It wykein sjocht der ritich út. Op beide dagen is der net folle sinne en bliuwt it ek net drûch. It wurdt wol mylder.

Jan Brinksma

oktober 31, 2019 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.