Waarpraatsje: Oanhâldend ritich

oktober 9, 2019 18:31

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It hat tiisdeitejûn op guon plakken flink reind en ek tongere. Woansdei wie it yn in part fan Fryslân ek in wiete boel. It bliuwt foarearst ritich.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en falle der buien. In klap tonger is net útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 9 graden.

Tongersdei is de loft ek berûn en falle der op ‘e nij buien, mar geandewei de dei wurdt it wol wat drûger. De matige wyn komt út it súdwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet mear wyn. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Freed wurdt ek wer in wiete dei.

Jan Brinksma

oktober 9, 2019 18:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.