Waarpraatsje: Noch ien dei sinne

oktober 30, 2019 18:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht (Ljouwert 0,0) wie it woansdei in strieljende hjerstdei. Tongersdei sjocht er ek hiel goed út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder en soe op guon plakken wat damp ûntstean kinne. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer op ‘e nij om it friespunt hinne.

Tongersdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. De wyn komt út it easten en is swak oant matich. It wurdt 9 graden.

Fan freed ôf feroaret it waar. It wurdt ritich en in stik mylder.

Jan Brinksma

oktober 30, 2019 18:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.